Tsjerke fan de Hillige Joaris op de Pskov-heuvel (Moskou)

De Tsjerke fan de Hillige Joaris (Russysk: Георгиевская церковь, Georgievski tsjerkov), ek bekend ûnder de namme Tsjerke fan de Foarbea (Покровская церковь, Pokrovskaja tsjerkov)[1], is in Russysk-otterdokske tsjerke fan it bisdom Moskou.

Joaristsjerke

Георгиевская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres Ul. Varvarka 12
koördinaten 55° 45' N 37° 37' E
Tsjerklike gegevens
eparchy Moskou
patroanhillige Sint-Joaris
Arsjitektuer
boujier 1657-1658
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7710098000
Webside
zaryadie.ru
Kaart
Tsjerke fan de Hillige Joaris op de Pskov-heuvel (Moskou)
Tsjerke fan de Hillige Joaris op de Pskov-heuvel

It wichtichste alter waard wijd ta eare fan de Hillige Jongfaam, de kapellen binne oan Joaris en oan Petrus de metropolyt fan Moskou wijd.

De tsjerke stiet oan de Ulitsa Varvarka oan 'e râne fan it Zarjadjepark yn 'e âlde buert fan de keaplju, yn it Tverskoj distrikt yn it Sintrale Administrative Distrikt fan de stêd Moskou, Ruslân.


De fiifkoepelige Joaristsjerke waard yn 1658 nei in brân yn 1639 oer de fûneminten fan in âldere tsjerke boud.

Nei't de tsjerke slim skeind rekke doe't Napoleon Ruslân yn 1812 binnenfoel, waard de restauraasje foltôge yn 1816. Yn 1818 waard in klokketoer en refter tafoege yn Russyske pseudo-gotyk, it hegere diel fan de klokketoer fertsjintwurdiget lykwols de Empirestyl.

 
De tsjerke yn 1882

Yn de Sovjettiid waard de tsjerke troch de bolsjewiken yn 'e jierren 1920 sletten. It gebou bleau foar lange tiid leech. Dêrnei folge in perioade dat it bouwurk brûkt waard foar opslach en de eardere tsjerke rekke yn ferfal, mar yn de perioade 1965-1972 waard it eksterieur fan de tsjerke wer wat oplape. Nei 1979 waard de tsjerke brûkt foar útstallings.

Yn 1991 waard it gebou werom jûn oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke.[2]

Sûnt 2005 binne de tsjerke, de refter en de klokketoer yn in reade kleure farve. Alle dekorative boudielen binne yn it wyt útfierd. De sintrale koepel is goudkleurich, wylst de fjouwer lytsere koepels in blaue kleur hawwe en fersierd binne mei stjerren.

Op lytse ôfstân fan de Joaristsjerke stiet ien de moaiste Moskouse tsjerken: de Trijefâldichheidtsjerke yn Nikitniki.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Георгия Победоносца на Псковской горе