Tsjerke fan de Hillige Nikolaas (Lipno)
De Tsjerke fan de Hillige Nikolaas (Russysk: Свято-Никольская церковь; translit.: Svjato-Nikolskaja tserkov) is in otterdokse tsjerke út de 13e iuw.
Nikolaastsjerke
Никольская церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Novgorod | |
plak | Lipno (9 km súd fan Veliki Novgorod) | |
koördinaten | 58° 26' N 31° 20' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1292-1294 | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 531610633190006 | |
Kaart | ||
Sûnt 1992 makket de tsjerke diel út fan it wrâlderfskip fan UNESCO.
De tsjerke stiet op in lyts eilân mei de namme Lipno yn 'e delta fan 'e Msta yn 'e Ilmenmar, likernôch njoggen kilometer súdlik fan Veliki Novgorod. It haadalter waard oan Nikolaas fan Myra wijd. Neffens in ynskrift yn 'e tsjerke wie it wijingsjier 1294.
Neffens de oerlevering waard yn 1113 in ikoan fûn fan 'e hillige Nikolaas. De ikoan soe bydroegen ha oan 'e genêzing fan Mstislav Vladimirovitsj [1] en ta oantinken fan dat wûnder waard der fuort neitiid in kleaster mei in houten tsjerke stifte (krekte data binne net bekend; de kroniken skriuwe allinnich dat der in tsjerke by it kleaster boud waard). De bou fan in stiennen tsjerke folge yn 'e jierren 1292-1294.
It wie de earste stiennen tsjerke fan 'e republyk Novgorod (1136–1478) nei de Mongoalske ynvaazjes yn Ruslân en is it iennige bouwurk dat oerbleau fan it kleaster.[2]
Yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke slim skeind troch Dútsk artilleryfjoer. De weropbou fûn yn 'e jierren 1954-1960 yn 'e foarmen fan 'e 13e iuw plak. Yn 'e tsjerke binne fresko's út it boubegjin bewarre bleaun.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|