Tsjerke fan de ikoan fan de Mem Gods fan Tichvin (Kazan)

De Tsjerke fan de ikoan fan de Mem Gods fan Tichvin (Russysk: Храм Тихвинской иконы Божией Матери; Tataarsk: Казан Тихвин чиркәве), of koartwei de Tichvin- of Tichvinskajatsjerke (Тихвинская церковь, Tichvinskaja tserkov), is in barok tsjerkegebou yn Kazan, Ruslân.

Tichvin-tsjerke

Тихвинская церковь
Казан Тихвин чиркәве

Lokaasje
lân Ruslân
republyk Tatarstan
plak Kazan
koördinaten 55° 47' N 49° 06' E
Arsjitektuer
boujier 1646—1685
boustyl barok mei neoklassisistyske eleminten
monumintale status Monumint fan regionaal belang
monumintnûmer 161711093440005
Kaart
Tsjerke fan de ikoan fan de Mem Gods fan Tichvin (Kazan)
Tsjerke fan de ikoan fan de Mem Gods fan Tichvin

De tsjerke waard tusken 1646 en 1685 boud. Sûnt it begjin besiet de tsjerke in ikoan fan de Mem Gods fan Tichvin, mar lang bleau it in lyts, net opfallend tsjerkje foar in lytse parochy yn 'e Ald-Tataarske delsetting fan Kazan. Dat feroare doe't de Tichvin-ikoan sûnt 1844 de namme krige fan wûnderdiedich. Doe't yn 1859 by in brân yn 'e delsetting ek nochris in fizioen sjoen waard fan 'e Mem Gods boppe de tsjerke en de brân dêrnei dôve, makke dat grutte yndruk op de Kazanen. De pylgers dy't dêrnei de tsjerke besochten, brochten in soad jild yn 'e ponge en makke tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw in grutte ferbouwing en útwreiding mooglik. De tsjerke krige doe it hjoeddeiske oansjen yn in styl, dy't karakteristyk wie yn Ruslân tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw.

 
De ferfallen tsjerke yn de jierren 1990.

De tsjerke bleau iepen oant 8 oktober 1938. Dêrnei rekke de tsjerke slim yn ferfal. It 19e-iuwske sierstek om de tsjerke waard ferneatige.

Yn 1997 folge it werom jaan fan 'e ferrinnewearre tsjerke oan it bisdom Kazan, dy't de tsjerke oerdroech oan in etnyske minderheid, de Krjasjeni. De Krasjeni binne in folk fan doopte Tataren en foarmje in subgroep fan 'e Wolga-Tataren. De Tichvin-tsjerke is it sintrum fan alle parochy's fan 'e mienskip en se hawwe dêr in sneinsskoalle en in eigen koar en der wurdt yn gearwurking mei it Russysk Bibelgenoatskip yn Sint-Petersburch wurke oan 'e oersetting fan 'e Hillige Skrift yn 'e taal fan 'e Krjasjens. By de tsjerke waard yn 2015 in museum iepene oer 'e skiednis en kultuer fan 'e Krjasjens. Ek de tsjinsten fine yn harren eigen taal plak.

Tichvin-ikoan

bewurkje seksje

De ikoan fan 'e Mem Gods fan Tichvin waard nei de wûnderlike genêzings en de brân fan 1859 ien fan 'e wichtichste hillichdommen fan 'e stêd en wurdt tsjintwurdich yn 'e Sint-Nikolaaskatedraal bewarre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Тихвинской иконы Божией Матери (Казань)