Tsjibbe Gearts van der Meulen
Tsjibbe Gearts van der Meulen (Burgum, 6 maaie 1824 - 16 maart 1906) (meast Tsjibbe Gearts neamd) wie in Fryske skriuwer en fierder klokmakker, postrinner, drukker, redakteur en útjouwer fan de Burgumer Krante (Bergumer Courant).
Biografy
bewurkje seksjeTjibbe wie de soan fan klokmakker Geert Tjeerds van der Meulen en Grietje Douwes Duursma fan Boalsert. Ek Tjibbe waard klokmakker, mar de boekhannel en de drukkerij bleaune him boeien. Yn 1858 boaske er oan Grietje Pieters Peereboom, dochter fan de plysjekommissaris út Boalsert. Hja krigen tegearre trije soannen.
Nei 't er in skoftke postkantoarhâlder west hie, begûn er yn 1878 mei skriuwen en útjaan fan it Weekblad voor Tietjerksteradeel en omstreken. Dy soe letter de Bergumer Courant hjitte. Hy die dat yn syn eigen drukkerij yn de Skoalstrjitte fan Burgum. Letter waard de drukkerij yn de Legestrjitte fêstige. [1] De printerij waard doe yn it wurk holden troch syn soannen Wigger Arnoldus en Sophius Cornelis.
Wurk
bewurkje seksjeTsjibbe Gearts wie in echte folkskriuwer. Hy skreau toanielstikken en kluchten, foardrachten, epigrammen, ferhalen, sangboekjes, oratoariumteksten en noch folle mear. Mei syn freon Waling Dykstra makke er stikjes foar de Winterjûnenochten 1860-1862.
Tsjibbe Gearts kin karakerisearre wurde as in romantikus, wat nayf, mei in boartlike geast. Syn stikjes hingje oer nei it groteske en hy hie in grutte ferearing foar de adel. Polityk wie er it liberalisme it neist en nige er nei de Ferljochting. Hy mocht graach de nearzige ortodoksy de gek oanstekke. Hy makke in reis nei de Feriene Steaten en hat dêr wiidweidich ferslach fan dien; hy stipe emigraasje.[2]
As sjoernalist wie er subjektyf (wat doetiids net sa frjemd wie) mei in protte each foar detail, sa at bygelyks bliken docht út syn 'Nei s'Gravenhage yn July 1905', dêr't er sels it kapsel fan guon politisy yn beskriuwt. [3]
Bibliografy
bewurkje seksjeIn soad artikelen fan Tsjibbe Gearts ferskynden yn tydskriften en jierboekjes, lykas Iduna, Swanneblommen, de Fryske Húsfreon, de Bijekoer en de Friesche Volksalmanak.
- Tryntsje Rommelpôt (1850)
- Myn suchten en myn sangen (1859)
- Mâl út, mâl thús ( klucht, 1859)
- Fan De Wylp nei Ljouwert en fan Ljouwert nei de Wylp (1861)
- Foardrachten yn rym en ûnrym (1864)
- Moaie blommen fan ús Fryske Letterkroane (1880)
- Jan en janke (operatekst 1897)
- De reis nei de Jichtmasters (1898).
- It measte fan syn wurk is samle yn it 700 siden tellende "Ald en Nij", yn 1908 postúm útjûn troch syn soan Wigger Arnoldus van der Meulen (Burgum, 28 novimber 1866 - Ljouwert, 23 augustus 1936).
De folsleine list publikaasjes is fia de auteursnamme te finen op de site fan Tresoar.
Biografyen
bewurkje seksje- P.J. Blok en P.C. Molhuysen, Nieuw Nederlandsch biografisch woordenboek. Deel 3 (1914)
- K. ter Laan, Letterkundig woordenboek voor Noord en Zuid (1952)
- G.J. van Bork en P.J. Verkruijsse, De Nederlandse en Vlaamse auteurs (1985)
Literatuer
bewurkje seksje- J. Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (1957);
- Freark Dam en Ype Poortinga, Wâldman en wrâldboarger (1974);
- K. Dijkstra, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (1977);
- Trinus Riemersma, Proza van het platteland (1984);
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|