Tsyskeblomgroukopke
It tsyskeblomgroukopke (Carcharodus alceae) is in soarte yn it skaai fan de echte spikkelbrune groukopkes (Carcharodus).
tsyskeblomgroukopke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Carcharodus alceae | ||||||||||||
Esper, 1780 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Foarkommen
bewurkje seksjeDe flinter hâldt fan gêrzige rûchten op waarme skeanten. Nei 1951 is dizze flinter net wer yn Nederlân sjoen. De flinter komt nog wol foar yn Eifel en de Ardinnen. De flinter fertoant swerfgedrach.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as ferdwûn.
Fleantiid
bewurkje seksjeDe flinter fljocht fan heal april ôf oant ein juny. Fan ein juny oant heal augustus en soms ein augustus oant heal septimber. Fljocht yn twa en soms yn trije generaasjes.
Flinter
bewurkje seksjeDe wjuklingte is likernôch 14mm. De boppekant fan de foar- en efterwjuk hat donkere en ljochte kamûflaazjetekens. De efterrâne fan de efterwjuk liket kartele. De ûnderkant fan de efterwjuk is grieneftich mei wite plakken.
De rûp
bewurkje seksjeDe rûp oerwinteret as in healwaaks rûp. De rûp ferpopket him yn it foarjier.
De rûp fret fan de tsyskeblom en teewoartel.