Tuberkuloazemuseum Beatrixoord

Tuberkuloazemuseum Beatrixoord yn Appelskea jout in byld fan it sanatoarium foar tuberkuloaze dat fan 1922 -1963 yn de bosken fan Appelskea stie.

It eardere röntgenhûs (ryksmonumint) op it sanatoariumterrein, in ûntwerp fan arsjitekt Melle Oenes Meek (1888-1962), is sûnt 2002 ynrjochte as museum. Dêr is in permaninte tentoanstelling te sjen oer de mear as 100-jierrige skiednis fan de tuberkuloazebestriding yn it Noarden. Yn it museum draait in fideo oer siik-wêze en wurkje yn it sanatoarium yn de sechtiger jierren. Ald-pasjinten en eartiidske meiwurkers fertelje dêryn oer harren sanatoariumherinneringen.

In protte âld-pasjinten hawwe de ôfrûne jierren it paad nei it museum fûn. Faak wienen sy beselskippe fan harren bern of fan pake- en beppesizzers. De ferhaaltsjes yn it gasteboek litte sjen dat de útwurking fan tuberkuloaze op de pasjinten, mar ek op harren húshâlding, grut wie. Neist alle fertriet - en miskyn wol dêrtroch - wie de ienichheid ûnder pasjinten en personiel tige grut. Der waard gûld, feeste, lake en der ûntstienen freonskippen dy't lang bestean bleaun binne.

Op it terrein is tsjintwurdich OlmenEs fêstige, in wen- en wurkmienskip foar minsken mei in ferstanlike beheining. In oantal bewenners is op wurkdagen gasthear of gastfrou yn it museum. In groep frijwilligers út Appelskea en Aalden beheart om bar it museum op de sneonen dat it museum iepene is en yn de skoalfakânsjes yn de simmer. De frijwilligers hawwe sels yn it sanatoarium wurke of wienen op oare manieren belutsen by it sanatoarium.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: