Twadde Wyk
De Twadde Wyk is in feart yn de gemeente It Hearrenfean. De feart rint fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart yn Jobbegea nei it suden en komt út by de iisbaan oan de wei Lúksemburch. Der binne wol 23 wiken eastlik fan Jobbegea, dy't oanlein binne yn de tiid fan de feanterij.
De namme Twadde Wyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme 2e Wijk.