Tzigerastate wie in state te Meddert besuden Holwert yn de gemeente Dongeradiel. Op it stee stiet in bedriuwsgebou dat by de pleats liket te hearren.

sitewaasje yn 2010

De stins/state is mooglik yn de 14e iuw ûntstien. It is ien fan de fjouwer states fan de terpebuorskip Medwert. Dy buorskip waard al yn de 9e iuw neamd, doe't dêr oan de abdij Fulda grûnbesit skonken waard. Yn de twadde helte fan de 12e iuw wenne dêr in wettersuchtige frou dy 't troch abt Frederik fan Mariengaarde better makke waard. Yn 1390 wie Asega fen Medwerth grytman yn Dongeradiel. Net ien fan de fermeldings hoecht lykwols spesifyk op Tzigera te doelen.

  • Epe Tzigera, wie troud mei Bauck Ingia. Dochter:
  • Reinsck Tzigera, wie troud mei Peter Camstra te Jelsum. Soan:
  • Renick Kampstera, eigener yn 1511.
  • Maria Anna fan Æbbinga, widdo fan Tjalling Camstra fan Tjaarda (1700)
  • Jan Annes, eigener 1728, brûker Homme Sydses
  • Reinder Oepts Dijkstra en mei-eigener yn 1832

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: