ΜTorrent

(Trochferwiisd fan UTorrent)
μTorrent
It logo fan μTorrent

Untwikkelder BitTorrent, Inc.
Meast resinte ferzje 3.4.3 (Bou 40760)/ 11 july 2015
Lêste bêtaferzje 3.4.3 (Bêta; bou 40786)/ 21 july 2015
Platfoarm Android, Linux (alfa), OS X, Windows
Kategory BitTorrent-kliïnt
Lisinsje Adware
Webstee (ned) www.utorrent.com

μTorrent (lês: mikroTorrent) is in BitTorrent-kliïnt dy’t ûnder Windows en Mac OS X draait. De oarspronklike ferzje is út 2005. It is in lytsere fariant fan it programma BitTorrent en bedoeld om tige grutte oantallen bitten oer te dragen/yn te laden. μTorrent falt op troch syn yn ferhâlding beheinde brûken fan ûnthâld en sintrale-ferwurkingsienheid (cpu), wylst er dochs genôch mooglikheden biedt. It programma dat de útfiering fersoarget is tige kompakt, de hjoeddeiske ferzje (1.8.1, oktober 2008) is sa’n 263 kilobyte. De μTorrent jout de mooglikheid om mei in Frysktalige ynterfaasje te wurkjen. In tiid lang wie it mooglik om it Frysk as ynterfaasjetaal it te ynladen.

De namme ‘BitTorrent’ soenen jo nei it Frysk ta oersette kinne as bitstream. It is sa’n bytsje programmatuer dat de totale stream(en) fan in tige grutte bitoerdracht ûnder kontrôle hâldt. By dy 'klotsende' bitoerdracht is jo kompjûter sawol kliïnt as tsjinner. Jo kompjûter biedt fan de krekt ynladen bitten gelyk wer in kopy oan, om troch in oare kompjûter ynladen te wurden. Op dizze wize hoecht net eltsenien alle materiaal fan de oarspronklike boarne te heljen en wurdt dy net oerbelêste. De kompjûter dy't dat hiele proses oan de gong besiket te hâlden, wurdt 'tracker' neamd.

It programma biedt de brûker detaillearre opsjes, ynformaasje en oanpasmooglikheden. Under it ynladen fan in torrent kinne jo ûnder oaren de neikommende ynformaasje sjen:

  • hokker triemmen al ynladen binne,
  • hokfoar persintaazje fan eltse triem en/of partsje noch gearfoeging fereasket en de beskikberens fan dy triem,
  • fan wa jo ynlade, har ynlaad- en oplaadsnelheden, har IP-adres, har poarte en har kliïnt,
  • ynlaad- en oplaadsnelheid, resttiid, triemkar en tracker-ynformaasje.

Oersetting nei it Frysk

bewurkje seksje

Yn 2006 is μTorrent nei it Frysk oerset. Yn de lytsere Android-ferzje sitte gjin oersettingen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje