Under Oaren ofwol Onder Anderen wie fan 1986 oant 2012 in homokoar út Ljouwert. Yn 2006 wûn it koar it Rôze Pompeblêd.

De gearkomsten fan de destiidske soasjeteit fan it COC oan de Druifstreek einige faak yn spontaan gesang. It waard oanlieding ta de foarming fan in koar dat út sa'n 15 manlju bestiet. Diriginte Jildou Talman hâlde as frou de boel wat yn it lykwicht, yn desimber 1995 nimt Jaap Tjalma fan Grins it dirigearstokje oer. Renilde Duif út Enumatil wurdt de tredde fêste dirigint, sûnt 2011 is Gert-Jan Hoekstra dirigint.

It rippertwaar rint fan mankelyk oant fleurich en fan serieus oant koartswilich. Sûnder muzikale begelieding wurde yn in soad talen trije- fjouwer- of fiifstimmige arranzjeminten songen oer de heareleafde. Ek wurde lietteksten fan besteande ferskes wol oanpast oan de aard fan it koar. Yn de hjerst wurde jubileumkonserten jûn. Optredens wienen der yn binnen- en bûtenlân, fan strjitfeesten oant optrede yn tsjerkjes mar ek by houliksfeesten.

  • 1995: Loverman

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: