Rôze Pompeblêd
It Rôze Pompeblêd is in ûnderskieding foar Fryske homo-emansipaasje. De priis wurdt yn juny útrikt oan it begjin fan de Rôze Wike oan in persoan of organisaasje dy't him ynset foar emansipaasje fan homo's en lesbiënnes yn Fryslân. De priis, besteande út in troch in sulversmid makke sieraad, wurdt útrikt troch Homoplatform Fryslân (oprjochte yn 2001). Dat is in gearwurkingsferbân tusken ûnder oare COC Fryslân, IHLIA Anna Blamanhuis, Kristlike Homo Jongerein Contact (CHJC), Stichting de Kringen, Oerpheus Fryslân en ANBO Rôze.
Rôze Pompeblêd | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Frysk | |
útrikt foar | homo-emansipaasje | |
útrikt troch | Homoplatfoarm Fryslân | |
frekwinsje | jierliks | |
1e útrikking | 2002 |
Winners wienen:
- 2011 - fêstiging Aldlân fan de skoallemienskip Piter Jelles.
- 2010 - Ulbe Tjallingii fan Deinum: teolooch en foarsitter/sekretaris fan de Fryske wurkgroep Leauwe en Homoseksualiteit. Mei-oprjochter fan Homoplatform Fryslân.
- 2009 - Onder Anderen, homokoar
- 2008 - Ben Lesman, heteroman dy't workshops jout oer homoseksualiteit binnen it houlik fan de Stichting Orpheus
- 2007 - Gooitsen Eenling fan Ljouwert, teaterdosint en resensint.
- 2006 - Froukje Hernamdt, direkteur Anna Blamanhûs.
- 2005 - Gerda Tolk, foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan SLOW (Stichting Lanlik Oerlis Wurkgroep Alden fan homoseksuele bern)
- 2004 - Arno Brok, boargemaster fan Snits.
- 2003 - Dini Stavenga - van der Waals, eardere foarsitter fan de Fryske ried fan Tsjerken
- 2002 - Siny Plooij, psychoterapeute
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|