Underfining is kennis of behearsking fan in barren of ûnderwerp dy't men kriget troch sa'n barren of ûnderwerp te observearjen en derby belutsen te wurden. Troch ûnderfining op te dwaan, kriget men ynsjoch en knowhow. Wat faker oft men itselde ding of in ferlykber ding meimakket, wat mear ûnderfining oft men datoangeande opbout. Immen dy't op in beskaat mêd in protte ûnderfining opdien hat, wurdt ek wol in ekspêr neamd en syn ûnderfining hjit dan ekspertize. Underfining kriget men troch dingen sels te dwaan, ynstee fan deroer te lêzen yn boeken. Nettsjinsteande dat is it mooglik om kennis dy't men út boeken hellet, ta te passen yn 'e praktyk, sadat men nije ûnderfining opdocht. De term 'ûnderfining' wurdt fierders brûkt foar sawol dingen dy't men meimakke mar noch net mentaal ferwurke hat, as de kennis dy't men opdien hat troch neiprakkesearjen oer en ynterpretearjen fan sokke dingen.

Der kin ûnderskie makke wurde tusken ferskate soarten ûnderfinings:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.