Untsliepeniskatedraal (Astrachan)
De Untsliepeniskatedraal (Russysk: Успенский собор; Uspenski sobor) is in Russysk-otterdokse katedraal yn Astrachan, Ruslân. De twa ferdjippings tellende en 75 meter hege katedraal waard yn barokke styl boud en stiet op in ferhege terrein fan it kremlyn fan 'e stêd.
Untsliepeniskatedraal Успенский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Astrachan | |
plak | Astrachan | |
koördinaten | 46° 20' N 48° 01' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Dorothéus Mjakisjev | |
boujier | 1699-1710 | |
boustyl | Moskouse barok | |
hichte | 75 m | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 301520273210006 | |
Webside | ||
astr-10.cerkov.ru | ||
Kaart | ||
Yn 'e katedraal wurde de reliken bewarre fan de metropolyt Joseph, de patroanhillige fan 'e stêd, dy't yn 1671 fermoarde waard troch opstannige Kozakken ûnder lieding fan Stenka Razin. Yn 'e benedentsjerke lizze de Georgyske foarsten Vachtang VI en Teimoeraz II begroeven.
Skiednis
bewurkje seksjeOp it plak stie al sûnt 1568 in lytse oan 'e ikoan fan de Mem-Gods-fan-Vladimir wijde katedraal. De katedraal wie mei it groeien fan 'e stêd al gau te lyts en yn 1602 waard in nije stiennen tsjerke by de eastlike muorre fan it kremlyn foltôge, dy't oan 'e ûntsliepenis fan de Mem Gods wijd waard.
De hjoeddeiske tsjerke datearret lykwols út de jierren 1699-1710 en moast de âlde tsjerke út 1602 ferfange om't dy brekfallich wie. It inisjatyf foar de bou wie fan 'e metropolyt Savvatij (1683-1696), dy't útein sette om jild yn te sammeljen. Hy ferstoar lykwols yn 1696 en syn opfolger Sampson (1697-1714) krige mar in diel fan it jild dat al ynsammele wie en koe fan dat jild allinne de sloop fan 'e âlde tsjerke en it nije materiaal fan de nije betelje. Fan it regear krige er gjin jild, mar fan 'e hannelslju wist de metropolyt dochs genôch jild by inoar te garjen om de bou te finansjieren. It ûntwerp fan 'e tsjerke wie ôfkomstich fan 'e liifeigene Dorothéus Mjakisjev, dy't ynearsten in gebou mei ien grutte koepel yn gedachten hie. Yn 1702 stoarte de nijbou lykwols yn en ynstee fan ien koepel krige de tsjerke dêrnei fiif koepels. Troch de opstannen yn 1705-1706 tsjin it regear stûke de bou om't de arbeiders harren by de opskuor foegen, mar yn 1708 waard de benedentsjerke ta eare fan it Vladimir-ikoan-fan-de-Mem-Gods ynwijd. Twa jier letter koe ek de boppetsjerke ynwijd wurde ta eare fan de ûntsliepenis fan de Mem Gods.
De frijsteande klokketoer waard yn 'e jierren 1899-1910 boud neffens ûntwerp fan Sergei Ivanovitsj Karjagin.[1]
Sovjet-tiid
bewurkje seksjeYn 'e Sovjet-tiid waard de katedraal al op 18 jannewaris 1918 sletten en ein 1919 wer iepensteld. Nei de plondering fan alle weardefolle saken en it fuortheljen fan 'e reliken yn 1922, krigen oanhingers fan 'e Libbene Tsjerke it gebou yn gebrûk. Dy rekken de tsjerke yn 1928 ek kwyt en sûnt brûkte it Reade Leger de katedraal oant 1958 û.o. as munysjedepot. De 23 meter en acht ferdjippings hege ikonostaze fan 'e boppetsjerke waard yn 1931 ôfbrutsen en ferbaarnd. Sûnt it ein fan 'e jierren 1960 fûnen der wer reparaasjes plak oan it eksterieur. Dêrnei krige de tsjerke in museale funksje.
Weromjefte
bewurkje seksjeYn 1992 waard de katedraal wer oerdroegen oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke en sûnt is it gebou stadichoan restaurearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside ru:Успенский собор (Астрахань).
|