Upco fan Burmania
Upco fan Burmania, (bynamme: It Lytse Geuske) (? - Stiens, 1615) wie ien fan de earste protestanten ûnder de Fryske adel. As lid fan it Ferbûn fan Eallju waard hy troch Alva band. Mei syn broer Sybren fan Burmania († 1601) stie er tsjinoer syn noch meast roomske famylje. Upco wie deputearre yn 1601 en 1609. Fierders wie er histoarikus en genealooch.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|