Upke Tallum
Upke Douwes Tallum wie grytman fan Hinnaarderadiel.
Upke is de soan fan Douwe Tallum en Hijlk Geersma. Yn 1577 wie er grytman fan Hinnaarderadiel. Hy boaske earst mei Hack, dochter fan Hette Rheen en Jilduw Hoitema, doe mei N. Sikkema en treddens mei N. Gerrits. By de earste frou hie hy in dochter.
Upke wie tige Spaanskgesind en dus tsjinstanner fan de Uny fan Utert dy't yn 1579 sletten waard. Dêrom moast hy koart dêrnei it lân ferlitte en waard gauris yndage om him te ferantwurdzjen. Hy ferskynde lykwols net en waard banne. Hy waard doe luitenant ûnder de hopman Dekama, en sette him úteinlik ta wenjen yn Sutfen, dêr't er noch datselde jier fermoarde waard.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |