Us-Leaffrouwetsjerke (Kalundborg)

De Us-Leaffrouwetsjerke (Deensk: Vor Frue Kirke) is in bysûnder midsiuwske tsjerke yn de Deenske stêd Kalundborg. It bouwurk hat fiif tuorren en is de lutherske parochytsjerke fan de binnenstêd-gemeente fan Kalundborg.

Us-Leaffrouwetsjerke

Vor Frue Kirke

Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
regio Sjælland
gemeente Kalundborg
adres Præstegade 18, 4400 Kalundborg
koördinaten 55° 40'N 11° 4'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Deenske Folkstsjerke
bisdom Roskilde
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1170-1190
Webside
Hiemside Us-Leaffrouwetsjerke
Kaart
Us-Leaffrouwetsjerke (Denemark)
Us-Leaffrouwetsjerke

De tsjerke waard gaueftich nei 1200 yn romaanske styl boud op inisjatyf fan de eale Peder Strangesen en syn frou Ingeborg. De heit fan Peder Strangesen wie de stifter fan Kalundborg en stie yn heech oansjen. De sakristy oan de noardlike muorre fan it koar út likernôch 1400 is goed bewarre bleaun. Om 1500 hinne krige de sakristy der in ferdjipping by.

Nei it delstoarten yn 1827 troch boukundige tekoartkommingen waard de fieringtoer oant 1871 rekonstruearre. De tsjerke stiet op in hichte en hat wat wei fan in boarch, mar it hat nea de funksje hân om de fijân te kearen en it stie likemin yn ferbining mei de stêdsferdigening. Folle mear ferwiist de boufoarm nei it Himelsk Jeruzalim, dat yn 'e midsiuwen as in fersterkte stêd mei fiif tuorren foarsteld waard.

Yn desimber 2008 hat de gemeente Kalundborg mei stipe fan in tal heechoanskreaune Deenske arsjitekten in fersyk yntsjinne by de kulturele autoriteiten om de tsjerke in plak te jaan op 'e list fan it wrâlderfskip fan UNESCO.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

It grûnplan fan de sintraalbou foarmt in gryksk krús. Yn it midden riist in 44 meter hege toer op, dy't op fjouwer graniten pylders stiet. De fjouwer earmen fan it krús besteane allegear út in achthoekige, 34 meter hege toer. De middelste toer is ferneamd nei de hillige Jongaam Marije, de oare tuorren binne ferneamd nei de hilligen Sint-Anne (east), Sint-Gertrude (west), Marije Magdalena (súd) en Sint-Katarina (noard).

In bou lykas de Us Leaffrou-tsjerke fan Kalundborg sjocht men hiel seldsum yn West-Jeropa, mar namste mear by de eastersk-otterdokse tsjerken. De Leaffrou-tsjerke is net allinnich ien fan de meast útsûnderlike bouwurken fan Denemark, mar fan hiel Noard-Jeropa.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: