Utah Film Studios
De Utah Film Studios binne in studiokompleks yn Park City, in foarstêd fan Salt Lake City yn 'e Amerikaanske steat Utah. It bedriuw waard yn 2017 oprjochte. De Utah Film Studios binne eigendom fan Crandall Capital, in projektûnwikkelingsbedriuw dat grutte plannen mei it kompleks hat.
Utah Film Studios | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | tillefyzje- en filmyndustry | |
fêstige yn | Park City (Utah) | |
oprjochte | 2015 | |
eigner | Crandall Capital | |
offisjele webside | ||
www.utahfilmstudios.com | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Utah.
|
Skiednis
bewurkje seksjeDe Utah Film Studios waarden yn 2017 oprjochte oan Kearns Boulevard 4001 yn Park City, op itselde perseel dêr't earder sûnt 2015 de mar koart besteande Park City Film Studios fêstige west hiene. De earste produksje dy't yn 2015 yn it doe nijboude kompleks opnommen waard, wie de dramasearje Blood and Oil, fan tillefyzjenetwurk ABC, mei Don Johnson yn 'e haadrol. Sûnt binne yn it kompleks útienrinnende media filme, wêrûnder spylfilms, tillefyzjesearjes, reklamespotsjes en fideoclips (fan Lynyrd Skynyrd en Imagine Dragons).
De Utah Film Studios binne eigendom fan 'e projektûnwikkelingsfirma Crandall Capital. Dat is in famyljebedriuw dat fan doel is om it studiokompleks sterk út te wreidzjen mei û.m. in apart kantoargebou, in hotel mei hûndert keamers en in konvinsjesintrum, in sportstadion en in winkelsintrum. De Utah Film Studios ûnderhâlde bannen mei it Sundance Filmfestival foar ûnôfhinklike films, dat elts jier yn Park City holden wurdt.
Fasiliteiten
bewurkje seksjeDe Utah Film Studios binne in hypermodern film- en tillefyzjestudiokompleks dat trije soundstages omfettet, elts mei in oerflak fan 1.400 m², en teffens in backlot fan 12 ha foar it dwaan fan bûtendoaropnamen. Fierders is der ek 950 m² oan wurkplakken foar it meitsjen fan dekôrstikken en mear as 2.300 m² oan kantoarromte, ferdield yn 4 aparte suites fan elts 9 fertrekken. Dêropta beskikt it kompleks oer 3 klaaikeamers, 4 kofjekeamers, 2 gearkomstesealen, in romte foar fisazjy en hierstilearring, in eigen waskerette foar kostúms en fasilititeiten foar postproduksjewurk lykas filmmontaazje.
Produksjes
bewurkje seksjeFilms
bewurkje seksjeIn seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Utah Film Studios opnommen binne:
- Wind River (2017)
Tillefyzje
bewurkje seksjeIn seleksje fan tillefyzjesearjes dy't alteast foar in diel yn 'e Utah Film Studios opnommen binne:
- Yellowstone (fan 2018 ôf)
- 1923 (2022–2023)
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |