Aldsaksysk doopûnthjit

(Trochferwiisd fan Utertske doopsûnthjit)

It Aldsaksysk doopûnthjit, ek wol bekend as it Utertsk doopûnthjit, stammet út de ein fan de 8e iuw en is in tekst yn in âlde Westgermaanske taal, dêr't de bewenners harren leauwen yn de heidenske goaden mei ôfswarre moasten en harren leauwen yn de kristlike God, Kristus as syn soan en de Hillige Geast befêstigen.

It doopûnthjit mei dêrûnder de opsomming fan de earste 20 brûkmen yn de Indiculus superstitionum et paganiarum

It doopûnthjit befynt him yn de bibleteek fan it Fatikaan yn Rome en stiet yn in midsiuwsk manuskript út de 8e iuw, de "Codex Palatinus Latinus 577", op de siden 6 en 7. It ûnthjit wurdt folge troch de saneamde Indiculus superstitionum et paganiarum, in opsomming fan 30 heidenske brûkmen.

Oer de taal dêr't it stik yn skreaun is bestiet gjin wissichheid. In protte Nederlânske ûndersikers sjogge de tekst as in Aldnederfrankyske taalfariant, yn Dútslân wurdt sein dat it Aldsaksysk is. Likegoed soe de taal as in Aldfryske fariant beskôge wurde kinne.

Der binne ferskate doopûnthjitten bekend mei ûngefear deselde tekst. Yn it Utertske doopûnthjit wurde lykwols trije goaden neamd dy't as duvels foarstelle wurde en sadwaande ôfswarre wurde moatte.

It earste part fan it ûnthjit dêr't de âlde goaden (hjir 'duvels') yn ôfswarre wurde moasten giet:

Aldnederlânsk, Aldsaksysk of Aldfrysk
1. Forsachistu diobolae?

ec forsacho diabolae.

2. end allum diobolgeldae?

end ec forsacho allum diobolgeldae.

3. end allum dioboles uuercum?

end ec forsacho allum dioboles uuercum and uuordum,
Thunaer ende Uuoden ende Saxnote
ende allum them unholdum, the hira genotas sint.
     

Fryske oersetting
1. fersaaksto de duvel?

ik fersaakje de duvel.

2 en alle duvelsoffers?

en ik fersaakje alle duvelsoffers.

3 en alle wurken fan de duvel?

en ik fersaakje alle duvelske wurken en wurden,
Tonger en Weda en Saksnot
en al de ôfgoaden dy't harren freonen binne.
     

De goaden Tonger en Weda binne ek bekend fan oare boarnen. By Saksnot leit dat slimmer, mar omdat er hjir neamd wurdt (en sadwaande ôfsward wurde moat), jout wol oan dat er wichtich wie foar de Friezen en Saksen. Guon tinke dat dizze god oerienkomt mei Tiwaz en syn namme soe sokswat betsjutte kinne as "freon" (te fergelykjen mei yn it Fryske 'genoat') "fan de Saksen" (it folk), of "fan de saksen" (de wapens), mar dat is lykwols net wis.

  • Schlosser, H.D., Althochdeutsche Literatur (Frankfurt am Main/Hamburch, 1970)

Keppeling om utens

bewurkje seksje