Utfeart
In útfeart of lykbesoarging is in seremoanje wêrby't men in koartlyn ferstoarne persoan de lêste eare bewiisd en dy syn/har libben betinkt. De útfeartgewoanten ferskille sterk fan kultuer ta kultuer, mar omfiemje altyd in yngewikkeld systeem fan ideeën en praktiken, wêrby't tinktekens, gebedens, rituëlen en rou yn 'e regel in wichtige rol spylje. Faak binne of omfetsje útfearten uterings fan religy. Yn it kristendom giet de útfeart mank mei in tsjerketsjinst, de saneamde útfearttsjinst.
De útfeart wurdt ornaris beëinige mei in foarm fan ferneatiging (kremaasje of loftbegraffenis) of preservaasje (beïerdiging of mummifikaasje) fan it stoflik omskot fan 'e deade. It eigenskipswurd fan 'útfeart' is funerêr, fan it Latynske funus ("útfeart" of "lyk"). Funerêre keunst is dus keunst dy't ferfeardige wurdt yn konneksje mei útfearten, yn it bysûnder foarwerpen dy't mei de deade begroeven wurde. De term begraffenis wurdt yn 'e regel as synonym mei útfeart brûkt, mar ferwiist eins nei in kombinaasje fan útfeart en beïerdiging.
Sitewaasje yn Nederlân
bewurkje seksjeYn Nederlân moat de útfeart minimaal 36 oeren en maksimaal seis wurkdagen nei it ferstjerren fan 'e oangeande persoan plakfine. Dêrby wurdt de stjerdei net meiteld. Dizze perioade kin ynkoarte wurde troch de ofsier fan justysje, of ferlinge troch de boargemaster, wat soms dien wurdt as der famylje oerkomme moat út it bûtenlân. De útfeart kin yn Nederlân behalven yn opdracht fan in natuerlik persoan ek fersoarge wurde yn opdracht fan in rjochtspersoan. Normaal sprutsen is de opdrachtjouwer ien fan 'e djipdrôven, mar ek komt it wol foar dat de ferstoarne sels testaminte hat hoe't de útfeart ferrinne moat. As de ferstoarne gjin djipdrôven neilit en sels neat regele hat, is neffens de Wet op de Lykbesoarging de gemeente dêr't hy of sy wenne, ferantwurdlik foar it fersoargjen fan 'e útfeart.
Ynternasjonale regels
bewurkje seksjeOm in ferstoarne (bgl. om't hy/sy om utens ferstoarn is) nei in oar lân oerbringe te meien om 'e útfeart dêr plakfine te litten, moat tastimming oanfrege wurde om it stoflik omskot út te fieren. Yn 'e regel wurdt mei sokke fersiken frij kûlant omgien, mar wol stelle ferskillende lannen ferskillende easken. Sa bestiet foar ferfier nei guon lannen in balsemplicht foarôfgeande oan it ferfier, en foar oare lannen is it ferplichte om 'e deakiste te fersegeljen. By sokke transporten moat de deakiste faak foarsjoen wurde fan in sinkene binnenkiste.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.
|