Uitgeverij Callenbach

(Trochferwiisd fan Utjouwerij Callenbach)

De Nederlânske Uitgeverij Callenbach waard 1854 yn Nijkerk oprjochte troch George Frans Callenbach (10 jannewaris 1833 - 21 april 1916). Der waard oparbeide mei de Nederlandsche Zondagschool Vereeniging en joech protestantsk-kristlike lektuer en godstsjinstige plaatsjes út yn grutte oplagen dy't frijwat goedkeap wiene. De meast ferneamde berneboekeskriuwer dy't troch de firma útjûn waard wie W.G. van de Hulst sr.. Fan 1935 oant 1960 wie de Nobel-rige foar folwoeksenen in grut súkses.

G.F. Callenbach

Yn 1975 waard de útjouwerij oernaam en bedarre lang om let by it kristlik útjouwerijkonsern Kok te Kampen.

De sneinsskoalleboekjes fan Callenbach wurde yn samlersrûnten ek wol rode ruggetjes neamd.

Keppeling om utens

bewurkje seksje