Utsjochpunt Weperbult
It 'Utsjochpunt Weperbult' is in keunstwurk yn De Fochtel dat makke waard troch keunstner Ids Willemsma.
Utsjochpunt Weperbult | ||
keunstwurk | ||
Útsjochpunt Weperbult | ||
bysûnderheden | ||
jier | 2004 | |
keunstner | Ids Willemsma | |
materiaal | waarfêst stiel | |
plak | De Fochtel |
It keunstwerk waard makke by de foltôging fan de ôfwurking fan de Weperbult op it eardere stoartplak Weperpolder. Willemsma beskreau it sels: Iit ûntwerp hat in relaasje mei de fyftjin meter hege bult. It is in foarm dy't oansluting hat by in plattelânsfoarm mar ek by de technyk fan us wolfeartsôffal. It is einliks in gebouweftich keunstwurk, in útsichtpunt wêr't je yn stean en gean kinne mei dêr boppe-op in grutte lange wynfear, in fiskeftige foarm op it heechste, droechste punt van [sic] Fryslân. Under de basis fan it keunstwurk sit in kelder fan in goed meter djip en yn dizze kelder leit in samling fan ôffal (eigentiids argeologysk spul) fan us wolfeart. De foarm boppenyn it keunstwurk is fertichte troch heakske hoeken dy't as in ferpolvermasine by elkoar komme. Underyn ha it ljocht en de sinne frij spul yn in ritmyske en gelykfoarmige ferdieling fan de romte, wat boppenyn net sa is. Se komme dêr sa't it liket net oardere by elkoar. As je binnenyn it keunstwurk stappe, leit de tiid oan je fuotten en de takomst en it lânskip om je hinne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |