Uw Koninkrijk Kome (Burgum)

De Evangelisaasjekapel "Uw Koninkrijk Kome" (ek: Lytse Tsjerke) wie it tsjerkegebou fan de rjochtsinnige herfoarmen yn Burgum.

Uw Koninkrijk Kome
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Burgum
adres Mounewei 7
bysûnderheden
type bouwurk Oarspronklik tsjerke, tsjintwurdich bedriuwsbestimming
boujier 1904-1905

Foarskiednis

bewurkje seksje

Yn de 19e iuw waard frijsinnigens yn de herfoarme tsjerke populêr. In soad dûmny's hiene ôfstân nommen fan de kristlike dogma's en dat late ta ûnfrede yn de tsjerke. Nei't de herfoarme tsjerke mei de ôfskieding fan 1834 en de doleânsje al in soad leden ferlern hie, bleau der yn de herfoarme tsjerke noch jimmeroan in groep oer, dy't it net iens wie mei de frijsinnige oerhearsking yn in soad gemeenten. De leden fan dy groep woene de tsjerke net ferlitte, mar koene har ek net mear fine yn de gong fan saken. Hja keazen net lykas de grifformearden foar it stiftsjen fan in eigen tsjerke en woene har net ôfsnije litte fan de herfoarme tsjerke, mar de tsjerke fan binnenút feroarje en de frijsinnnigens bestride.

Uw Koninkrijk Kome

bewurkje seksje

Rûnom yn Fryslân waarden inisjativen nommen ta de bou fan herfoarme lokalen, dêr't ûnder de namme fan evangelisaasjesferienings it otterdokske lûd wer te hearren wie. Sa ek yn Burgum. Nei't in fersyk fan de rjochtsinnigen om in otterdokske dûmny yn de Krústsjerke preekje te litten wegere waard, waard mei help fan de gemeenten Garyp en Sumar, dêr't de frijsinnigens gjin grûn ûnder de fuotten krige hie, in eigen gemeente stifte. Op noch gjin 200 meter fan de âlde herfoarme tsjerke feriisde in lokaal op in lape grûn, dy't fan de kwekerij oernommen wie. Yn de kapel, dêr't manlju en froulju elk oan in eigen kant sieten, wie plak foar likernôch 200 minsken. Foargonger wie in evangelist en foar de tatsjinning fan sakraminten waard in rjochtsinnige dûmny út Garyp, Sumar of Suwâld frege.

It ledetal fan Uw Koninkrijk Kome naam ta en yn de jierren 1920 waard it gebou de lyts. Oan de eastlike kant waard de tsjerke langer makke, sa't der no plak wie foar 280 minsken. Yn 1936 stapten in tal minsken oer nei de Frije Evangelyske Tsjerke, nei't dûmny Kieviet in mear evangelyske rjochting ynsloech en dêrby op ferset fan de gemeente stjitte.

Nei de Twadde Wrâldkriich wiene de skerpste kanten fan de tsjinstellings tusken de beide herfoarme gemeenten oer en yn 1954 waard mei it beneamen fan in rjochtsinnige dûmny de perioade fan evangelisten foarby. Sawol de dûmny fan de Krústsjerke as de dûmny fan de kapelgemeente diene war om de beide gemeente wer by inoar te bringen. Hja slaggen dêryn en op Goedfreed fan 1957 waard foar it lêst in tsjinst holden yn de kapel. Yn deselde snuorje waard de restauraasje fan de Krústsjerke ôfsletten en de frijsinnige en rjochtsinnige gemeente koene yn dat jier yn de restaurearre tsjerke foar it earst nei in heale iuw tegearre wer Peaske fiere.

It gebou hjoeddedei

bewurkje seksje

It eksterieur fan de eardere kapel fan "Uw Koninkrijk Kome" is noch gruttendiels yntakt. De foargevel fan de tsjerke is lykwols foar it bedriuwsmjittich gebrûk oanpast. De trije ramen ramen binne dêr tichtmitsele en it portaal is ferfongen troch in pear grutte garaazjedoarren.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • "Uw Koninkrijk Kome", Dick van der Burgh en Teije T. Osinga