Van Doesburg-Rinsemahûs
It Van Doesburg-Rinsemahûs is in museumwenning oan de Torenstraat yn it Fryske plak Drachten. It is yn 1921 boud as middenstânswente en stiet op de list fan ryksmonuminten yn Drachten.
Van Doesburg-Rinsemahûs | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Smellingerlân | |
plak | Drachten | |
adres | Torenstraat 3 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Middenstânswent / museumwent | |
boujier | 1921 | |
arsjitekt | Cees Rienks de Boer Kleure-ûntwerpen troch Theo van Doesburg | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 532515 |
Yn 2018 waard ien fan de huzen fan de Pappegaaiebuert as museumwenning ynrjochte en fan maart 2019 ôf iepene foar it publyk.
It pân Torenstraat 3 wie yn eigendom fan de gemeente Smellingerlân, dy't it oerdroegen hat oan de 'Stichting Van Doesburg-Rinsemahuis' foar it fêstigjen fan in museumwenning. In groep leafhawwers fan De Stijl yn Drachten hat jild ynsammele om sawol it eksterieur as it ynterieur wer yn it orizjinele kleurûntwerp fan Theo van Doesburg werom te bringen.
Yn it Van Doesburg-Rinsemahûs giet it om de oarspronklike kleuren neffens it ûntwerp fan Van Doesburg en om de útfiering fan de fervers ûnder lieding fan arsjitekt Cees Rienks de Boer. Alle âlde ferflagen binne ûndersocht en behâlden. It houtwurk is net bleat lein, mar de goede kleuren binne oer de âlde ferflagen hinne skildere. Yn ien fan de sliepkeamers is it oarspronklike skilderwurk noch sichtber. It nije skilderwurk is basearre op de ferverspraktyk fan 'e tweintiger jierren.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Van Doesburg-Rinsemahûs fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |