Vercelliboek
It Vercelliboek, yn it Ingelsk: Vercelli Book, is in tsiende-iuwske samling fan Aldingelske poëzij, en ien fan 'e fjouwer fan sokke samlingen dy't oerlevere is. It is neamd nei de Noarditaljaanske stêd Vercelli, dêr't it yn 1822 yn 'e bibleteek ûntdutsen waard troch Friedrich Blume. It waard foar it earst beskreaun en de ynhâld derfan waard foar it earst publisearre yn Blume syn fjouwerdielige Iter Italicum (1824-1836). It Vercelliboek is in perkaminten manuskript mei in blomlêzing besteande út 23 preken en fiif folsleine Aldingelske religieuze gedichten, mei in fragmint fan in sechsde, optekene troch in anonym skriuwer yn in sekuere Angelsaksyske kantige minuskúl. It wurdt noch altiten bewarre yn 'e bibleteek fan Vercelli.
De oanwêzigens fan in Aldingelsk hânskrift yn Noard-Itaalje waard oarspronklik útlein troch it bestean, yn Vercelli, fan in gasthûs dat him foar syn klandyzje spesifyk op Ingelske pylgers rjochte. Dat waard dêr stifte troch Jacopo Guala Bicchieri († 1227), in biskop fan Vercelli, dy't earder, fan 1216 oant 1218, de pauslike gesant yn Ingelân west hie. Undersyk hat letter lykwols oantoand dat it boek him al foàr de alfde iuw yn Vercelli befûn hawwe moat. It is noch altiten ûndúdlik hoe't it dêr dan belâne is.
Ynhâld
bewurkje seksje- Andreas
- The Fates of the Apostles
- Soul and Body
- The Dream of the Rood
- Fryske oersetting: De Dream fan it Krús (fert. Klaas Bruinsma, 1986)
- Elene
- in fragmint fan in leardicht