Verkeerspark Assen

It Verkeerspark Assen wie in attraksjepark mei it ferkear as tema. It lei yn Assen njonken it TT Circuit, yn de Nederlânske provinsje Drinte.

Verkeerspark Assen
  ferdivedaasjepark
Yntree Verkeerspark Assen (2011)
Yntree Verkeerspark Assen (2011)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Assen
plak Assen
adres De Haar
koördinaten 52° 58' NB, 6° 32' EL
bysûnderheden
type Temapark
tema Ferkear
iepen 1957
oerflak 8 hectare
attraksjes 6
wetterattr. 1
skiednis
hist. namme Gouverneurstuin,
Jeugdverkeerspark
iepening july 1957
sluting 2014
opgien yn Attraksjepark Duinen Zathe
gebou
boujier 1988
sloopjier 2017
kaart
Verkeerspark Assen (Drinte)
Verkeerspark Assen
Lokaasje fan it ferkearspark.

De basis foar it ferkearspark yn Assen waard lein yn 1956, troch plysjeresjersjeur Klaas Bos. Hy seach yn de Dútske stêd Essen hoe't bern op in skoalplein mei inkelde krytstreken en kartonnen buorden fertroud makke waarden mei it, yn dy tiid rap groeiende, ferkear.

Werom yn Assen koste it him net safolle muoite om de doetiidske boargemaster en de middenstân fan Assen ek waarm te krijen foar in soartgelyk idee. Dit mûne út yn de oprjochting fan in stifting, dy't troch skinkingen en donaasjes oan it wurk koe. Yn 1957 kaam der dan ek in Jeugdferkearspark yn in park yn de binnenstêd; de "Gouverneurstuin". Diken, ferkearsbuorden en traapauto's soargen derfoar dat de boartsjende bern paadwiis yn it ferkear makke waarden. Troch de jierren hinne waard it Jeugdferkearspark útwreide mei in ferkearstoer en scooters en waard de lokaasje yn de binnenstêd te lyts .Nei in oantal jierren fêstige te wêzen yn it Asserbosk ferhuze it park yn 1988 nei De Haar, Njonken it TT Circuit. Der waard in nij park realisearre op in stik grûn fan 8 hektare. It "Jeugdverkeerspark" waard omdoopt yn "Verkeerspark Assen".

Yn it park koene bern in eigen rydbewiis helje en ride yn (traap)auto's, in jeep, helikopters en boatsjes. Der wie in juniorkartbaan, in monorail en in trein. Foar de traapauto's wie der in parkoers fan goed in kilometer lang. Ek wiene der in ambulânse en in ANWB-auto dêr't de bern sels yn ride mochten. Fan de ferkearstoer ôf waard elkenien yn 'e gaten holden, en eventueel wiisd op syn/har flaters. Yn 1992 waard it park privatisearre.

Fanwege tsjinfallende besikersoantallen gie it park yn 2014 net mear iepen foar publyk. De eigener hat twa jier besocht it park te ferkeapjen. Uteinlik is de ynboel ferkocht. De Monorail gie nei in kemping oan 'e Dreiberseweg yn Wijster, de trein is yn hannen kaam fan it "Openbaar Vervoer Collectie Nederland" dat syn haadfêstiging yn Sonnegea hat.[1] in oantal atributen bygelyks in plysjeauto en in bus kamen yn partikuliere hannen[2] De traapauto's en de byhearrende atributen giene nei Appelskea dêr't yn Attraksjepark Duinen Zathe in nij ferkearspark oanlein waard. Ek de ferkearstoer gie ynearsten nei Appelskea mar yn 2019 kaam de toer op in feiling.[3] De gemeente Assen kocht de toer werom, en pleatste de toer yn 2021 wer op syn âlde plak yn de Gouverneurstún.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: