Viking Press

(Trochferwiisd fan Viking Children's Books)

Viking Press is in Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige is yn New York. Hoewol't it oarspronklik begûn as in selsstannich bedriuw, is it no in ymprint fan 'e Penguin Group.

Viking Press
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1925
oprjochter Harold K. Guinzberg en
George S. Oppenheim
eigner Pearson PLC
mem Penguin Group
dochters Pamela Dorman Books
offisjele webside
www.penguin.com

Skiednis bewurkje seksje

Viking Press waard op 1 maart 1925 oprjochte troch de útjouwers Harold K. Guinzburg en George S. Oppenheim. De namme fan it bedriuw wie bedoeld om in gefoel fan ûntdekking, aventoer en riskante ûndernimmings op te roppen, krekt as it troch Rockwell Kent ûntwurpen logo, dat in drakeboat fan 'e Wytsingen toant. Viking Press ûntjoech him ta in tige foaroansteande útjouwerij, dêr't in protte ferneamde auteurs harren wurk publisearje lieten; dêrûnder wiene fiif winners fan 'e Nobelpriis foar de Literatuer en ien winner fan 'e Nobelpriis foar de Frede. Yn 1975 ferlear it bedriuw syn selsstannigens doe't it oernommen waard troch de Penguin Group.

Under de Viking-ymprint wurde likernôch hûndert boeken jiers publisearre, mei dêrûnder sawol súksesfolle kommersjele fiksje as heechsteande literêre fiksje en kwalitatyf goede non-fiksje. De berne-ymprint Viking Children's Books bestiet sûnt 1933, en ûnder dy namme binne ferskate berneboeken útbrocht dy't prestizjeuze prizen wûn hawwe, lykas The Twenty-One Balloons, fan William Pene du Bois, út 1947, dat de Newbery Medal foar 1948 wûn. Paperback-werprintingen fan Viking-boeken wurde útjûn troch Penguin Books; dy fan Viking Children's komme út by Puffin Books.

Under de skriuwers dy't harren wurk by Viking útbrocht hawwe, binne grutte nammen as kening Abdûlla II fan Jordaanje, Saul Bellow, Helen Fielding, Graham Greene, Jack Kerouac, James Joyce, Stephen King en John Steinbeck.

Ymprints bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links en References, op dizze side.