Vincent van Rossem

Vincent Theodore van Rossem, (Wageningen, 24 febrewaris 1950), is in Nederlânsk arsjitektuerhistoarikus.

Vincent van Rossem
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Vincent van Rossem (lofts) 2017
Vincent van Rossem (lofts) 2017
persoanlike bysûnderheden
echte namme Vincent Theodore van Rossem
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 24 febrewaris 1950
berteplak Wageningen
wurkpaad
wurksum as arsjitektuerhistoarikus
medium Telefyzje
wurksum by NTR
bekend fan Hier zijn de van Rossems,
Broeders in Berlijn
jierren aktyf 2009-2015 Heechlearaar monuminten en stêdeboukundige fraachstikken

Vincent is jongste soan fan keunstskilder Gerard van Rossem en Huberta Gerarda Nolen en de broer fan keunstistoarikus Sis en histoarikus Maarten van Rossem.

Van Rossem wie sûnt 1997 as arsjitektuerhistoarikus wurksum by it Buro Monuminten & Archeology. Hy promovearre yn 1991 cum laude oan de Universiteit fan Amsterdam op it proefskrift Het Algemeen uitbreidingsplan van Amsterdam. Geschiedenis en ontwerp. Mei yngong fan 1 maaie 2009 waard Van Rossem oan deselde universiteit beneamd ta heechlearaar monuminten en stêdeboukundige fraachstikken fan de perioade sûnt de 19e iuw, yn it bysûnder yn de stêd Amsterdam, oan de Fakulteit der Geasteswittenskippen. Syn iepenbiere les hold er op 26 febrewaris 2010. Hy gie op 14 maaie 2015 mei emeritaat.

Mei syn broer en sus presintearret hy it telefyzjeprogramma Hier zijn de Van Rossems. De dêrfan ôflate rige Broeders in Berlijn yn 2019 presintearre hy tegearre mei syn broer, syn sus Sis moast ferstek gean litte fanwegen sûnens problemen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: