Vissarion Belinski
Vissari Grigorevitsj Belinski (Russysk: Виссарион Григорьевич Белинский; 11 juny 1811/30 maaie, Sveaboarch (by Helsinki) – 7 juny 1848/26 maaie, Sint-Petersburch) wie in foaroansteand Russysk literêr kritikus en publisist, en liberaal út de 19e iuw, dy't kultureel op West-Europa rjochte wie.
Libben en opfettings
bewurkje seksjeBelinski waard berne as soan fan in militêre dokter ûnder Helsinki en studearre fan 1829 oant 1832 oan de Lomonosov-universiteit fan Moskou. Hy waard fan de universiteit stjoerd mei de kwalifikaasje ‘te min bejeftige’, mar de wiere reden wie syn krityk op it liifeigendom.
Belinski publisearre yn syn koarte libben hûnderten artikels, dy’t grutte ynfloed op de Russyske literatuer nei 1840 hân hawwe. Hy wenne en wurke yn St. Petersburch, dêr’t er in respektearre (liberaal) kritikus en redakteur fan twa literêre magazines wie: Otechestvennye Zapiski en Sovremennik. By beide blêden wurke er gear mei de jongere Nikolaj Nekrasov. Yn 1843 troude er mei Maria Wassiljevna Orlowa; sy krigen trije bern.
Belinski’s opfettings oer literatuer en keunst hawwe fjouwer wichtige eleminten:
- It (sosjaal) realisme: in realistyske werjefte fan de wurklikheid, mar net fan it tafallige, mar fan it karakteristike dêrfan;
- “Volkstümlichkeit”: in artistike werjefte fan de sosjale werklikheid út it stânpunt fan it ferhûddûke folk wei sjoen;
- It is de taak fan literatuer om heechsteande ideeën te bringen;
- De literatuer hat in funksje yn it opbringen fan minsken .
Hy ferwurde syn stellingen it dúdlikst yn in “Oersjoch fan de Russyske literatuer” út 1846 en in stúdzje oer Gogol út 1843.
Yn 1837 oppenearre tuberkuloaze him by Belinski. Hy liet him yn 1847 noch behannelje yn Berlyn en Salzburch, maar yn 1848 stoar er yn Sint-Petersburch nei in lang lijen.
Ynfloed
bewurkje seksjeDe ynfloed fan Belinski op it sosjale en yntellektuele libben yn it Ruslân fan 1850 oant 1917 hat grut west. Hy waard de geastlike heit fan de Russyske yntelligintsia, en hie in ynfloed dy’t him fuortsette oant de Russyske revolúsje ta: de earste Bolsjewiken beskôgen him as in soarte fan literêre tsjerkfaar (wylst er letter ûnder Stalin wer ferbean waard, benammen om syn frijsinnige tinkwize).
Op de Russyske literatuer wie syn ynfloed noch grutter. Hy stipe Gogol by it útjaan fan “Deade sielen” en wie de earste dy’t yn in stúdzje de klam lei op it grutte belang fan it fernijend wurk fan Gogol. Tegearre mei Nekrasov ‘ûntduts’ er Fjodor Dostojevski (“Earme minsken”), en hie er grutte ynfloed op Ivan Toergenjev, Pisemski en tal fan oare Russyske skriuwers. Sa spile er in tige wichtige rol yn it grutte klassike tiidrek fan de Russyske literatuer yn de 19e iuw en wurdt er sjoen as de heit fan it Russysk realisme.
Aleksander Herzen en Ivan Toergenjev hienen wiidweidich omtinken foar Belinski yn har memoires, dy't ek yn it Nederlânsk ferskynd binne.
Literatuer
bewurkje seksje- E. Waegemans: Russische letterkunde, 1986, Utert
- Karel van het Reve: Geschiedenis van de Russische literatuur, 1985, Amsterdam
- A. Bachrach e.a.: Encyclopedie van de wereldliteratuur, 1980, Bussum
- Ronald Hingley: De Russische roman (1967)
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Biografy Ingelsk