ViVo

(Trochferwiisd fan Vivo)

ViVo, in ôfkoarting foar de Vrijwillige Inkoop- en Verkoop Organisatie wie in winkelkeatling dy't 1942 oprjochte waard as ferbân dêr't ûnôfhinklike winkellju yn mei elkoar oparbeidzje koenen. Yn 1966 ûntstie út in fusy fan ViVo grossiers de organisaasje UniGro (Unie van Grossiers). Yn 1980 waard de UniGro kocht troch de eigener (Albada Jeldersma) fan in oare winkelkeat, VéGé, wat late ta de "Super De Boer" formule.

De ViVo yn Mitselwier (1965)

Om klanten te lûken hie de ViVo geregeldwei spesjale aksjes. Sa koene jin by de boadskippen bygelyks kartonnen bouplaten krijje fan de Mercury, Gemini en Apollo romtefeart-kapsules (populêr yn de jierren '60), it twawyklikse stripblêd Prins Valiant foar 25 (gûne) sinten keapje en noch letter alle moannen in stripboek.
ViVo deelt de lakens uit, wie in ferneamde slachsin.