Vladimir Lenin

(Trochferwiisd fan Vladimir Iljitsj Lenin)

Vladimir Lenin, berne as Vladimir Ilyich Ulyanov, (22 april 187021 jannewaris 1924), wie in kommunistyske revolúsjonêr yn Ruslân. Hy wie de lieder fan de Bolsjewistyske partij en de earste premier fan 'e Sowjetuny.

Vladimir Lenin
Lenin tegearre mei Stalin yn 1922 yn Gorky
De lêste foto fan Lenin

Lenins syn heit wie ynspekteur fan it ûnderwiis. Syn âldste broer Alexander dy’t hy tige bewûndere waard yn 1887 terjochtsteld yn ferbân mei de tariedings fan in oanslach op de tsaar. Dat foarfal wie foar Lenin in skokkend barren en dat hat in soad yndruk op him makke.

Nei it gymnasium gie er rjochten studearjen yn Kazan. Dêr waard er lykwols rillegau fan de universiteit ferwidere meidat er mei die oan demonstraasjes. Dêrom studearre hy in oantal jierren foar him sels. Yn dy tiid hienen de skriften fan Tsjernvsjevski en de wurken fan Karl Marx en Plechanov grutte ynfloed op him. Hy waard talitten ta de eksamens yn Sint Petersburch en foltôge yn 1891 de rjochtenstúdzje.

Politike aktiviteiten

bewurkje seksje

Twa jier letter yn Sint Petersburch foege hy him by in sosjaal demokratyske groepearring mei de namme De âlden. Op in earste reis nei West-Jeropa yn 1895 moete hy in soad sosjalisten ûnder wie Plechanov en Axelrod. Hy wurke dêrnei tegearre mei Martov yn it troch him oprjochte bûn foar de befrijing fan de arbeid. Syn aktiviteiten sprongen yn it each en yn desimber 1895 waard hy arrestearre en fan 1897 oant 1900 waard er ferbanne nei Sibearje. Yn Sibearje moete hy syn frou Nadezjda Konstantinovna Kroepskaja, dêr't hy mei troude. Nadezjda soe altyd by him bliuwe en ien fan syn trouste meiwurkers wurde. Nei syn straftiid gie Lenin út Ruslân fuort. Hy wurke in skoftke yn Dútslân, Ingelân en Switserlân. Dêr stifte hy mei Martov en Potresov de Iskra (fonk). In yllegale revolúsjonêre krante foar Ruslân. Nei rûzje stifte Lenin yn 1903 in eigen blêd mei de namme Vperjod.

Nei de revolúsje fan 1905 kearde Lenin werom nei Ruslân. Under syn lieding propagearren de bolsjewiken it boykotsjen fan de Doema en it tarieden fan in opstân. De revolúsje rûn net sa't Lenin it hawwe woe. Der kaam wer in stevige regearing en Lenin ferliet Ruslân op 'e nij om te wachtsjen op bettere tiden. Yn de hjir op folgjende jierren bestried Lenin rjochtse tinzen yn de sosjaal-demokratyske partij. Dat die hy mei syn tydskrift. It soarge foar in brek mei de net-bolsjewistyske fleugel op in partijkonferinsje yn Praach. By dizze konferinsje waard de Pravda stifte.

Ut Krakow wei liede Lenin de partij oant it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich. Doe moast Lenin werom nei Switserlân. De kriichsjierren soargen foar grutte problemen, de kommunikaasje mei Ruslân wie striemin. Der wienen finansjele soargen en ideologysk stie hy allinnich. Lenins ideeën oer de kriich dy’t hy seach as in ymperialistyske kriich dy’t omsetten wurde moast yn in boargerkriich fûn mar in bytsje wjerklank op de konferinsjes yn Zimmerwald en Kienthal.

Nei de Febrewarisrevolúsje woe Lenin nei Petrograd komme. Dat slagge him troch de help fan de Dútske regearing. Op 16 april arrivearre hy yn Petrogard. Hy rôp de striid op tsjin it foarlopige regear en yn de ferneamde apriltaspraken sette hy syn aksjeprogramma útien. It nije programma soarge derfoar dat der in soad tsjinstanners wienen. De july-opstân begûn te betiid en wie net goed tarieden. Der wie net folle stipe en dêrom mislearre it. Dat wie in earnstige tsjinslach foar de bolsjewiken. Se waarden oan ferfolging bleatsteld en Lenin moast flechtsje nei Finlân. Nei de mislearre steatsgreep fan Kornilov kearde hy werom. Hy begûn direkt mei de bewapene opstân. Op 7 novimber fûn de Oktoberrevolúsje plak wêrby de sowjetsteat en de diktatuer ôfkundige waard. Lenin naam de lieding fan de reagering op him. Dizze funksje soe er behâlde oant syn dea. Neist it lidmaatskip fan it politburo fan de partij.

De politike Lenin

bewurkje seksje

De macht hearde nei de revolúsje ta de bolsjewiken. De tanimmende opposysje soarge derfoar dat Lenin hurder waard. Dat resultearre yn in boargerkriich (1918-1920). Dizze boargerkriich soarge derfoar dat it lân útputte rekke. De ienige kâns dy’t Lenin seach om er wer boppe-op te kommen wie de nije ekonomyske polityk (NEP), dy’t hy ynfierde nei de opstân yn Kronstadt. Mei it each op de befoardering fan de wrâldrevolúsje organisearre hy yntiids de tredde ynternasjonale dy’t op 6 maart 1919 harren earste kongres hâlde.

De regearing fan Lenin wie diktatoriaal mar Lenin wie gjin despoat. By eventuele mearderheidsbesluten lei hy him der by del. Mar alle kearen wer wist hy syn meiwurkers dy’t faak muoite hienen mei de ideeën oer te heljen. De ynfloed fan Lenin liet him jilde fier bûten de Russyske grinzen.

Nei 1921 waard syn sûnens hieltyd minder. In oanslach yn augustus 1918 wie hy mar krekt te boppe kaam. Yn maaie 1922 waard hy troffen troch ferskillende beroertes. Alle kearen bettere er op, mar hy wie net mear by steat om wurksumheden te dwaan. Lenins politike testamint wêryn hy de lieders karakterisearre datearret fan desimber 1922. Stalin soarge der letter foar dat dit dokumint ferdwine soe. Op 21 jannewaris 1924 komt Lenin te ferstjerren oan in harsensklearoaze. Syn lichem wurdt balseme en opbierd yn it Mausoleum fan Lenin op it Reade Plein yn Moskou.

Taspraken fan Lenin

bewurkje seksje