Willem Hendricus Hoekwater (Charlois, gemeente Rotterdam, 29 maaie 1865 - ??), soan fan Hendricus Nicolaas Adianus Hoekwater en Cornelia Barendregt. Hy wie in Nederlânske ûnderwizer en tekener.

Hoekwater polderkaart
Polders súdlik fan Amsterdam

Hy makke ûnder oare de 4 - blêdige Polderkaart van de landen tusschen Maas en IJ, in útjefte fan C.A.J. van Dishoeck te Amsterdam, dy't yn 1901 publisearre waard. Dy yn kleur printe skoalkaart, op skaal 1:50.000, toant in gebiet fan Waterland noardlik fan Amsterdam oant de Maas yn súdlike rjochting. Yntekene stean hûnderten polders, harren nammen en de djipte ûnder N.A.P. en it jier wêryn't dy drûchlein waarden.

Op 11 augustus 1892 troude Willem Hendricus yn Charlois mei Cornelia Maat, berne 26 augustus 1864 te Alblasserdam en stoarn 19 desimber 1956 yn Epe, dochter fan Arie Maat en Jannetje 't Hoen. Hy wenne en wurke doe al yn Amsterdam.

  • Practisch handboekje bij de studie der perspectief, 1902
  • Naar buiten! Gids voor wandelingen en reisjes in útjefte fan it Bond van Nederlandsche onderwijzers, 1906

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: