Waalske Tsjerke (Ljouwert)

De Waalske Tsjerke yn Ljouwert is it tsjerkegebou fan de remonstranske gemeente. De tsjerke waard yn 1530 ynwijd as kapel fan it Katarinakleaster.

Waalske Tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Grutte Tsjerkstrjitte 222
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1530
boustyl Gotyk
offisjele webside
Waalske Tsjerke
 
Gevelstien

De Waalske Tsjerke waard boud as kapel fan it Katarinakleaster (ek: Dominikanessen- of Wite Nonnekleaster) [1], dat yn 1507 stifte wie en mei de reformaasje om 1580 hinne ûnteigene waard. De kapel kaam nei it opheffen fan it kleaster leech te stean, mar se hold altiten in tsjerklike funksje en waard sûnt 1659 de tsjerke fan Frânsksprekkende protestanten, dy't yn de tiid fan de Nassaus nei Ljouwert kamen. Dat bleau de tsjerke oant 1888, mar ek neitiid hold de tsjerke de namme "Waalske Tsjerke".[2][3]It koer fan de tsjerke waard yn 1839 ôfbrutsen.[4]

Boppe de tagong is in gevelstien fan in iepen Bibel oanbrocht mei de Frânsktalige tekst Venez, et montons à la montagne de l'Eternel, A la maison du Dieu de Jacob Ésaïe 2:3 (oersetting: Lit ús de berch fan de Ivige opgean, nei it hûs fan de God fan Jakob (Jesaja 2:3).

Yn de tsjerke stiet in preekstoel út ± 1630. Yn de dakruter hinget in klok fan klokkejitter Jurjen Balthasar út 1661.[5]

Tsjintwurdich is de tsjerke yn gebrûk troch de remonstranske mienskip.

 
Schwartsburg-oargel

Yn de Waalske tsjerke stiet in bysûnder oargel, dat troch Anna fan Hannover oan de tsjerke skonken waard. It instrumint waard yn 1740 boud troch de oargelmakker Johann Michael Schwartsburg, in learling fan Christian Müller, en it front is ryklik fersierd mei houtsnijwurk en de wapens fan Maria Louise fan Hessen-Kassel en Jehan Willem Friso fan Nassau-Dietz. It oargel waard yn 2001 restaurearre troch Bakker & Timmenga en doe werom brocht yn de steat fan 1854.[6]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: