Waalske Tsjerke (Rotterdam)

De Waalske Tsjerke (Eglise Walonne) is in tsjerke oan 'e Schiedamse Vest yn it sintrum fan Rotterdam. De gemeente falt ûnder de PKN en de tsjinsten wurde yn 'e Frânske taal fierd. It gebou foarmet mei de wente foar de koster in ryksmonumint en waard yn 'e jierren 1923-1925 boud neffens in ûntwerp fan J. Verheul en J. van Wijngaarden.

Waalske Tsjerke Rotterdam

L'Eglise Wallonne du Sud-Ouest

Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Rotterdam
adres Schiedamse Vest 190
koördinaten 51° 54' N 4° 28' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt J. Verheul, J van Wijngaarden
boujier 1923-1924
boustyl Tradisjonalisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 513769</ref>
Webside
Side Waalske Tsjerke
dewaalsekerkrotterdam.nl
Kaart
Waalske Tsjerke (Rotterdam-Sintrum)
Waalske Tsjerke
 
Ynterieur

De foargonger fan 'e tsjerke wie in 17e-iuwske tsjerke oan it westlike ein fan 'e Hoogstraat, dy't yn 1922 foar it lêst brûkt en dêrnei ôfbrutsen waard.

De hjoeddeiske tsjerke stie foarhinne oan in stikje fan 'e midsiuwske ferdigeningsgrêft, dy't yn 'e Twadde Wrâldkriich tichtsmiten waard. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard by it bombardemint op de stêd yn 1940 de omjouwing fan de tsjerke foar it measte ferneatige.

De tsjerke waard yn 2018 ferkocht oan BOEi, in organisaasje, dy't him ynset foar it behâld en de eksploitaasje fan kultureel erfgoed. De ynrjochting bliuwt lykwols yn hannen fan de Waalske Tsjerke, dy't it gebou brûken bliuwt foar de earetsjinst.

Yn 'e tsjerke binne in soad objekten te finen fan de ferneamde ûntwerper Willem Hendrik Gispen. Lampen, psalmbuorden en elektryske kachels binne fan syn hân.

Ut de âlde tsjerke stamt it oargel, dat yn 1865 troch de firma Bätz-Witte boud is.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: