Waco CG-4


Rol Militêr sweeffleantúch
Makker Waco Aircraft Company
Earste flecht 1942
Yn tsjinst 1942
Tal makke >13.903 (1942-1945)
Brûkers United States Army Air Forces, Royal Air Force, Royal Canadian Air Force, United States Navy
Fariant Waco CG-15

De Waco CG-4 wie in Amerikaansk militêr sweeffleanmasine dy't yn de Twadde Wrâldoarloch in protte brûkt waard foar it ferfier fan troepen en materieel, ûnder oaren by de Operaasje Overlord en Operaasje Market Garden. It tastel waard fan maaie 1942 ôf oan yn de Feriene Steaten boud troch de Waco Aircraft Company. Der binne goed 13.900 fan makke.

CG-4A yn Ingelân yn de oanrin fan Operaasje Market Garden

It tastel hie in frame fan metaal en multipleks, beklaaid mei kanvas. De bemanning bestie út in piloat en in kopiloat. It tastel hie plak foar 13 soldaten en harren útrissing, of foar in jeep, in houwitser, of in oanhingwein. It tastel waard laden oan de foarkant; it foarste part fan it tastel koe opklapt wurde. It lâningsgestel bestie út trije lytse fêste tsjellen: twa oan wjerskanten fan de romp en in beweegber sturttsjel. As tôger waard meast de C-47 brûkt.

In tal CG-4's is bewarre bleaun en yn museums te sjen.

Spesifikaasjes

bewurkje seksje
 
Gegevens CG-4A
Lingte 14,8 m
Spanwiidte 25,5 m
Draachoerflak fleugels 83,6 m²
Hichte 4,7 m
Topfaasje 192 km/o
Bemanning twa fleanders
Passazjiers 13 soldaten
Gewicht leech 1.769 kg
Gewicht fol 3.400 kg