Wady
In wady is in rivierdelling dy't it grutste part fan it jier drûch leit. Yn de wiete perioades streamt der lykwols in protte wetter troch de wady. Wady's wurde fanâlds yn de drûge tiid faak as paad brûkt.
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Meast stiet der ek grûnwetter yn in wady.
Wady is in Arabysk wurd. Yn Noard-Afrika hjitte se meast oueds, in wurd dat dêr ek wol foar gewoane rivieren brûkt wurdt. Spaanske riviernammen dy't begjinne mei "Guad" geane altyd werom op nammen út de tiid fan de Arabyske oerhearsking fan Andalûsje, (bygelyks Guadalquivir = Wadi al-Qivir, "de grutte stream").
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wadi fan Wikimedia Commons. |