Walk (liet fan Foo Fighters)

Walk is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Foo Fighters yn 2011 en útbrocht op it sânde album fan Foo Fighters Wasting Light út itselde jier. Walk is it alfde nûmer op it album en waard op 17 juny 2011 útbrocht as tredde single fan it sânde album.

Walk
algemiene ynformaasje
artyst Foo Fighters
album Wasting Light
taal Ingelsk
sjenre Rock
útbrocht 17 juny 2011
opnommen By Dave Grohl thús
6 septimber21 desimber 2010
doer 4:16
label RCA
skriuwer Foo Fighters
produsint Butch Vig
Foo Fighters
fideoclip
Foo Fighters. Walk.
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân top 40 - 31,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 58,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 25
prizen 2011 - MTV Award
2012 - Grammy 2x
sertifisearre Meksiko platina,
Grut-Brittanje sulver

Oer it nûmer

bewurkje seksje

Walk giet oer it trochsetten yn perioaden dat jin it wat muoiliker hawwe. It nûmer is brûkt as soundtrack yn de film Thor yn de scenes dêr't Thor him ûntdocht fan syn krêften, op de eftergrûn by de dialooch/bar scene tusken Thor en Erik Selvig, en wilens de ôftiteling fan de film.

Yn 2012 wûn de band twa Grammy's foar it nûmer. yn de kategoryen Best Rock Performance en Best Rock Song.

Oer de fideoklip

bewurkje seksje

De fideoklip waard regissearre troch Sam Jones yn de fideokip bedarret Dave Grohl ûnderweis nei in repetysje fan de band yn in file, en beslút nei in lang skoft stilstien te hawwen om mar rinnende fierder te gean. As er immen belje wol blykt de batterij fan syn telefoan leech te wêzen, en smyt er syn telefoan mar fuort. ûnderweis rekket er hieltyd fierder yn 'e swierrichheden en kriget de plysje efter him oan. As er dan einliks de repetysjeromte berikt spilet er it nûmer mei de band, as it nûmer dien is falt de plysje binnen en taserje Dave Grohl en slacht him yn 'e boeien, de oare bandleden fine dit tige grappich en wylst Grohl meinaam wurdt nei it plysjebureau geane de oare bandleden mei de plysjes op 'e foto.


Yn 2011 wûn de band in MTV Award yn de kategory Best Rock Video foar de fideoklip.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN