Wapen fan Beetstersweach
It wapen fan Beetstersweach is it wapen fan it doarp Beetstersweach, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1976 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Kepersgewiis trochsneid: I. yn blau in gouden, read fierde, antyke kroan fan 7 punte, ûnderen beselskippe fan twa gouden klavers; II. yn goud in griene beam op gêsgrûn en op de hichte fan de stam oan beide kanten beselskippe fan in reade ikel.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), kiel (read), goud en sinopel (grien).
Symbolyk
bewurkje seksje- Blau fjild: ferwiist nei it De Boarn súdlik fan it doarp.
- Kroan: ferwiist nei De Boarn, dy't ek wol it Keningsdjip nommen wurdt.
- Gouden klavers: symboal foar de lânbou yn de omkriten fan it doarp.
- Gouden fjild: ferwiist nei de sânrêge wêr't it doarp op leit.
- Beam: stiet foar de rjochtspraak, yn Beetstersweach stie in rjochtshûs.
- Reade ikel: oernommen út de wapen fan de famyljes: Hemminga, Fan Boelens, Fan Teyens, Lycklama à Nijeholt en Van Harinxma thoe Slooten.
-
It wapen fan de famylje Fan Boelens.
-
It wapen fan de famylje Lycklama à Nijeholt.