Wapen fan Bontebok

It wapen fan Bontebok is it wapen fan it doarp Bontebok, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. It wapen waard yn 1997 registrearre.

Wapen fan Bontebok

It wapen is ôflaat fan in úthingboerd fan de pleatslike herberch "Bonte Bock". Dy herberch wie de nammegenoat fan de buorskip Bontebok, dy't yn 1979 de doarpsstatus krige. It wapen is in sprekkend wapen, om't it in kleurige geit ôfbyldet. Yn 1997 waard it wapen registrearre en waard ek in plan makke troch pleatslik belang om in doarpsflagge te ûntwerpen.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn blau in swart-wite bok, steande op in oprizende griene gêrsgrûn.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sabel (swart), sulver en sinopel (grien).