Wapen fan Brongergea

It wapen fan Brongergea is it wapen fan de buorskip Brongergea, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. It wapen waard yn 2018 registrearre.

Wapen fan Brongergea

It wapen fan Brongergea waard yn 2012 al yntsjinne as ûntwerp foar it doarp It Oranjewâld, dêr't Brongergea ta heart. Dit wapen waard lykwols ôfwiisd op in gearkomste fan pleatslik belang. Stifting 'Brongergea op de Kaert' hat dit ûntwerp akseptearre foar it buorskip Brongergea, omdat it wapen al brûkt wie foar in wynwizer op it pleatslike Kolkhûs. Foar It Oranjewâld sels is noch in foarstel dien, dêr't de leelje út it wapen fan Skoatterlân yn stiet.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn goud in blau frijkertier belein mei in antike haadletter B fan sulver, yn it goud lofts beselskippe fan in jachthoarn fan blau, sierd fan sulver en iepene en snuorre fan read; yn it ûnderste diel fan it skyld in griene tûke, útrinnend yn trijen, mei oan elke tûke sân blêden, oan de beide bûtenste tûken boppeyn twa en oan de middelste tûke oranje apels.

De heraldyske kleuren binne: goud (goud), azuer (blau), sulver, kiel (read), sinopel (grien) en oranje.

  • Gouden fjild: stiet foar de sângrûn wêr't de buorskip op leit.
  • Frijkertier mei de letter B: stiet foar de buorskip Brongergea dy't eartiidsk in tsjerkedoarp wie.
  • Jachthoarn: oernommen út it wapen fan it Prinsdom Oranje. Albertine Agnes fan Nassau wie eigner fan it Paleis It Oranjewâld.
  • Tûke mei oranje apels: ferwiist nei de plakkenamme It Oranjewâld.