Wapen fan Eanjum
It wapen fan Eanjum is it wapen fan it doarp Eanjum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen is yn 1988 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Trochsneid: I yn sulver trije krússende stoezebollen fan sinopel, tegearrebûn mei in lint fan kiel; II acht peallen fan azuer en sulver.
De heraldyske kleuren binne: sulver, sinopel (grien), kiel (read) en azuer (blau).
Symbolyk
bewurkje seksje- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan East-Dongeradiel, de gemeente wêr't it doarp eartiidsk in part fan wie.
- Stoezebollen: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Holdinga dy by it doarp de Holdingastate bewenne.
- Blauwe en sulvuren peallen: oernommen út it wapen fan de famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg.
-
Wapen fan de famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg.