Wapen fan Eastermar
It wapen fan Eastermar is it wapen fan it doarp Eastermar, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Trochsnien: 1. yn blau in farrend Frysk skouke mei spriettúch fan sulver; 2. dield: a. yn goud in stegerjend hynder fan swart; b. yn grien trije turven fan goud, pleatst 2:1.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver, goud, sabel (swart) en sinopel (grien).
Symbolyk
bewurkje seksje- Frysk skouke: ferwiist nei de skipfeart op it Burgumer Mar en de oanwêzichheid fan skipswerven.
- Hynder: stiet foar de pleatslike hyndermerk.
- Turven: stiet symboal foar de feanterij yn de omkriten fan it Swartfean en It Wytfean.