Wapen fan Frjentsjerteradiel (1818-1984)

It wapen fan Frjentsjeradiel is it wapen dat fan 1851 oant 1984 troch de âlde gemeente Frjentsjerteradiel fierd waard, en dêrfoar fan 1818, doe't it ferliend waard troch de Hege Ried fan de Adel, oant 1851 troch de gritenij Frjentsjerteradiel. It wapen bestiet út in blau fjild mei dêrop in skeanbalke (d.w.s. in diagonale baan fan loftsboppe nei rjochtsûnder) fan goud (giel). Dy skeanbalke is yn 'e midden belein mei in reade roas, en ek de beide blauwe flakken njonken de skeanbalke binne belein mei elts ien reade roas.

It wapen fan it âlde Frjentsjerteradiel.
Dizze side giet oer it wapen út 1818-1984. Foar it wapen út 1984-2018, sjoch: wapen fan Frjentsjerteradiel (1984-2018).

Fan oarsprong is it âlde wapen fan Frjentsjerteradiel in famyljewapen dat gearstald is út ferskate eleminten fan 'e wapens út 'e famylje fan 'e grytman Doeke (of Duco) fan Jongema. It wapen fan Jongema sels en dat fan yn frou, dy't in Eysinga wie, leveren de trije roazen. De skeanbalke waard tafoege om 'e regels fan 'e heraldyk net hielendal te skeinen, mar dêr is wol tsjin sûndige troch de reade roazen op in blauwe ûndergrûn te lizzen, want kleuren (lykas read en blau) meie eins allinnich op metalen (lykas goud/giel en sulver/wyt) lein wurde en oarsom. De roazen steane symboal foar de kristlike keinens.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: