Van Eysinga
Van Eysinga (ek: Van Humalda van Eysinga en: Burmania van Humalda van Eysinga) is in Frysk laach dêr't leden fan sûnt 1814 ta de Nederlânske adel hearre.
Skiednis
bewurkje seksjeDe stamrige begjint mei Tsjalling Entez (Bolta), dy't neamd wurdt tusken 1492 en 1511 en nei 1481 troude mei Hack Eysinga; harren soan Aede naam de namme fan syn mem oan. By Sûverein Beslút fan 28 augustus 1814 waarden inkele leden fan it laach erkend as edelen fan Fryslân en sa opnomd yn de Nederlânske adel; by keninklik beslút fan 23 desimber 1825 waarden inkele leden fan it laach beneamd yn de ridderskip fan Fryslân. In neisiet, jhr. ds. Cornelis van Eysinga (1923-2018), naam it inisjatyf ta weroprjochting fan de ridderskip yn Fryslân.
Van Eysinga's yn Sint-Nyk
bewurkje seksjeYn Sint-Nyk hâlde in soad nammen ferbân mei de famylje Van Eijsinga. Sa wie Allard fan Boerum (1678-1728) de grytman fan Doanjewerstâl. Syn frou wie in Van Eysinga. Hy hat yn Langwar Osinga State bouwe litten. Harren dochter troude letter mei Johan Vegelin fan Claerbergen. Hy hat yn Sint-Nyk de bosken oanlein en it gebiet op eigen kosten ynpoldere en ûntgûn. Doe’t Vegilin yn 1772 stoar, liet hy in hiele protte grûn - wêrûnder de nei him neamde bosken – nei oan syn iennichste pakesizzer, jonkhear Frâns fan Eysinga. Sa komme de Vegilinstrjitte en de F.J.J. van Eysingastrjitte harren namme. De Kempenaerlaan is neamd nei grytman , dy’t fan 1840 oan’t 1847 de lieding hie oer Doanjewerstâl. Hy wie de pake fan M.C.E.W. van Eysinga-barones van Harinxma thoe Slooten har beppe. Hja wie in Rengers. Fan dy namme is de Rengersstrjitte wer ôflieden. De skoanmem fan grytman Van Andringa de Kempenaer hjitte fan Schwarzenberg. Dêrmei is ek dy strjitnamme yn Sint-Nyk ferklearre. Van Andringa de Kempenaer waard letter opfolge troch grytman Rengers. Hy hat it hús fan Cees van Eysinga yn 1870 bouwe litten. Boargemaster Van Heemstra fan Doanjewerstâl liet yn 1909 Doniastate bouwe en kocht dêrfoar grûn fan de Van Eysinga’s. De Van Heemstrastrjitte is nei him neamd. Ek de lettere boargemaster baron Van Hardenbroeck kocht grûn fan de Van Eijsinga's foar de bou fan in hús. De basis fan Wilhelmina Oard waard yn 1886 lein. Jonkhear Frans Johan Julius van Eysinga kocht doe in stik lân mei bosken yn Sint-Nyk. Nei syn dea yn 1902 liet de jonkhear de besittingen oer oan syn fjouwer dochters. De fjouwer freules lieten inkele jierren letter it rêsthûs Wilhelmina Oard foar froulju en famkes delsette, neamd nei harren mem: Frouwe Tjallinga Aurelia Wilhelmina Camstra van Welderen baronnesse Rengers. De susters skonken yn 1925 it gebou oan it Sint Anthony Gasthûs yn Ljouwert, dy ynstelling joech it om 1960 hinne oer oan de provinsje. It is no in beskerme wenfoarm foar minsken mei geastlike problemen. Hotel-restaurant De Oorsprong wie eartiids de stoeterij fan de famylje. De yn 1885 stifte stoeterij wie bedoeld om it Frysk hynder as ras yn stân te hâlden en te ferbetterjen. Letter waard it in foarmingssintrum en dêrnei in konferinsjesintrum.
Inkele telgen
bewurkje seksje- Frans fan Eysinga (1545)
- Frans fan Eysinga (1594), soan fan Aede fan Eysinga
- Frans fan Eysinga (1621), ek wol Frans fan Eysinga fan Jousma
- Aede fan Eysinga (1497), ealman út Eastergoa
- Aede fan Eysinga (1560), jurist
- Aede fan Eysinga (1600), grytman Ljouwerteradiel
- Frans Julius Johan Heringa fan Eysinga *1721
- Frans Julius Johan van Eysinga (1752), grytman fan Doanjewerstâl
- Frans Julius Johan van Eysinga (1818), politikus en keamerlid
- Hessel Roorda fan Eysinga * ±1600
- Idzerd Frans fan Eysinga (*1794)
- Idzerd Frans fan Humalda fan Eysinga (*1843)
- Juw fan Eysinga, ek Julius fan Eysinga (*1564)
- Pieter fan Eysinga (*1564)
- Schelte Hessel Roorda fan Eysinga (*1780)
- Tsjalling Aedo Johan Heringa fan Eysinga (1654) meunsterkommissaris, soan fan Frans fan Eysinga (1621)
- Tsjalling Aedo Johan Heringa fan Eysinga (1721), grytman Raarderhim, soan fan Frans Julius Johan Heringa fan Eysinga
- Tsjalling fan Eysinga (1557), út Ljouwert
- Tsjalling fan Eysinga (1596), grytman Menameradiel
- Tsjalling fan Eysinga (1562), grytman, wenne op Heringastate yn Marsum
- Tsjalling fan Eysinga (1603), grytman Raarderhim
- Schelte (letter Hessel Roorda) van Eysinga (1722-1790), grytman fan Haskerlân; troude yn 1750 mei Catharina Johanna Vegelin van Claerbergen (1726-1762), lid fan de famylje Vegelin van Claerbergen en dochter fan Johan Vegelin van Claerbergen (1690-1773), grytman
- jhr. Frans Julius Johan van Eysinga (1752-1828), grytman fan Doanjewerstâl, lid provinsjale steaten fan Fryslân
- jhr. Schelte Hessel Roorda van Eysinga (1780-1829), grytman van Doanjewerstâl, lid provinsjale steaten en lid fan de Twadde Keamer
- jhr. Binnert Philip van Eysinga (1785-1835), direkteur fan it postkantoar yn Ljouwert, lid provinsjale steaten fan Fryslân
- jhr. Tjalling Aedo Johan van Eysinga (1790-1858), grytman fan Raarderhim, lid Provinsjale Steaten fan Fryslân
- jhr. mr. Idzerd Frans van Eysinga (1794-1870), grytman fan Hinnaarderadiel, lid provinsjale steaten fan Fryslân
- jhr. mr. Frans Julius Johan van Eysinga (1818-1901), lid Provinsjale Steaten fan Fryslân, lid en foarsitter fan de Earste Keamer, minister fan Steat
- jhr. mr. Idzerd Frans van Humalda van Eysinga (1843-1907), lid fan de Rie fan Steat; krige namswiziging by keninklik beslút fan 25 augustus 1862 ta Van Humalda van Eysinga
- jhr. Frans Julius Johan van Eysinga (1868-1898), boargemaster fan Sleat
- jhr. mr. Tjaard Anne Marius Albert van Humalda van Eysinga (1869-1946), boargemaster fan Dimter
- jhr. Cornelis van Humalda van Eysinga (1870-1938), operasjonger
- jhr. Julius Burmania van Humalda van Eysinga (1876-1938), amtner; krige namswiziging by keninklik beslút fan 9 jannewaris 1879 oant Burmania van Humalda van Eysinga
- jhr. Idzerd Frans Burmania van Humalda van Eysinga (1901-1981), oersetter
- jhr. drs. Frans Willem Burmania van Humalda van Eysinga (1940), direkteur Kluwer Utjouwerij
- jhr. Idzerd Frans Burmania van Humalda van Eysinga (1901-1981), oersetter
- jhr. mr. Tjalling Aedo Johan van Eysinga (1846-1898), boargemaster fan Noordwijkerhout
- prof. jhr. mr. dr. Willem Jan Mari van Eysinga (1878-1961), heechlearaar yn Leien, rjochter Permanint Hof fan Ynternasjonale Justysje, lid Permanint Hof fan Arbitraazje; troude yn 1908 mei Coralie Leopoldina barones van Hogendorp (1885-1959), lid fan de famylje Van Hogendorp
- jhr. Tjalling Aedo Johan van Eysinga (1914-2002), boargemaster fan Oegstgeest
- jkfr. Ima Henriette Johanna van Eysinga (1939); troude yn 1963 mei mr. John Wells van Beuningen (1938), âld-direkteur Smit Internationale, lânbouwer
- jhr. mr. Dirk van Eysinga (1916-1980), ambassadeur
- jhr. ds. Cornelis van Eysinga (1923-2018), âld-predikant, direkteur rekreaasjebedriuwen Eysingastate, keamerhear; bewenner fan Epemastate
- jhr. Tjalling Aedo Johan van Eysinga (1914-2002), boargemaster fan Oegstgeest
- jkfr. Ephraima Henriette Johanna van Eysinga (1881-1958), skilderes en tekstylkeunstneresse
- prof. jhr. mr. dr. Willem Jan Mari van Eysinga (1878-1961), heechlearaar yn Leien, rjochter Permanint Hof fan Ynternasjonale Justysje, lid Permanint Hof fan Arbitraazje; troude yn 1908 mei Coralie Leopoldina barones van Hogendorp (1885-1959), lid fan de famylje Van Hogendorp
- jhr. mr. Cornelis van Eysinga (1847-1930), lid provinsjale Steaten en lid fan de rie fan Ljouwert
- jhr. mr. Idzerd Frans van Humalda van Eysinga (1843-1907), lid fan de Rie fan Steat; krige namswiziging by keninklik beslút fan 25 augustus 1862 ta Van Humalda van Eysinga
- jhr. mr. Cornelis van Eysinga (1821-1862), lid deputearre Steaten fan Fryslân
- jhr. mr. Frans Julius Johan van Eysinga (1818-1901), lid Provinsjale Steaten fan Fryslân, lid en foarsitter fan de Earste Keamer, minister fan Steat
- jhr. Frans Julius Johan van Eysinga (1752-1828), grytman fan Doanjewerstâl, lid provinsjale steaten fan Fryslân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|