Hessel Roorda fan Eysinga

Hessel Roorda fan Eysinga (Wurdum?, ±1600 - Wurdum, 26 septimber 1654) wie soan fan Peter fan Eysinga en fan Foockel fan Heringa.

Hy foege de namme Roorda ta oan syn eigen, neffens it testamint fan Teth Roorda. Hy waard yn 1634 plakferfangend-grytman fan Ljouwerteradiel. Droech in moanne letter de gritenij oer oan syn broer Aede, nei waans ferstjerren hy yn 1637 beneamd waard as grytman fan Ljouwerteradiel. Yn 1627 wie hy folmacht op de lândei foar ot kertier Westergoa, fan 1637 oant 1644 siet hy ûnûnderbrutsen yn de Steaten fan Fryslân foar Eastergoa, wie ek lid fan de Deputearre Steaten fan Fryslân en moast yn dy funksje in tal wichtige besluten nimme.

Hâlde meast ta op Ald-Oenemastate yn Wurdum en troude yn Wurdum op 4 augustus 1654 mei Wilck fan Feytsma († juny 1677) dochter fan Gerrolt en fan Ebel fan Feytsma. Ut dit houlik bleaunen gjin bern oer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Jaarb. Ned. Adel III, 64; van Sminia, Nieuwe Naaml. van Grietmannen, 30, 31.