Noardwikerhout

(Trochferwiisd fan Noordwijkerhout)

Noardwikerhout (Nederlânsk en offisjeel: Noordwijkerhout) is in plak en in eardere gemeente yn de Nederlânskse provinsje Súd-Hollân. De gemeente, dy't op 1 jannewaris 2019 opgien is yn 'e gemeente Noardwyk hie op 31 maaie 2018 16.584 ynwenners (boarne: CBS) en in oerflak fan 23,40 km² (wêrfan 0,80 km² wetter). De gemeente Noardwikerhout neamde himsels it 'Hert fan de Bollestreek', want de gemeente hie it grutste oerflak oan kleurrike bollefjilden yn dy krite. De gemeente lei efter de dunen en de Noardseekust en tichtby grutte stêden as Leien, Den Haag en Amsterdam. Troch Noardwikerhout rint de autowei N206.

Topografyske gemeentekaart fan Noardwikerhout