Cornelis van Eysinga

Jonkhear Cornelis van Eysinga (Leien, 14 novimber 1923Aldemardum, 17 jannewaris 2018)[1] wie in emearitus-predikant en earder keamerhear dy't foarhinne ek bestjoerder wie op it mêd fan ûnder oaren histoaryske ferienings, sikesoarch, rekreaasje en lâneigendom.

Cornelis van Eysinga
persoanlike bysûnderheden
echte namme jhr. Cornelis van Eysinga
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 14 novimber 1923
berteplak Leien (Súd-Hollân)
stoarn 17 jannewaris 2018
stjerplak Aldemardum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt predikant, keamerhear
aktyf as bestjoerder
reden
  bekendheid
● aktyf yn bestjoersfunksjes
● bekend lid f.d. Fryske adel

Van Eysinga waard yn 1923 berne yn it Hollânske Leien as telch fan it âlde Fryske aadlike laach Van Eysinga. Yn Amsterdam, dêr't syn heit perfester wie, trof er M.C.E.W. (Maria) baronesse van Harinxma thoe Slooten, in oare telch út in Frysk aadlik laach, mei wa't er neitiid troude. Hja krigen fiif bern krige: Frans, Tjalling, Elske, Coralie en Clara.

Yn de donkere oarlochsjierren besleat Van Eysinga dat er dûmny wurde woe. De tsjerke fan Langwar, boud yn 1777, waard foar it meastepart betelle troch in foarfaar fan de jonkhear. Yn 'e tsjerke hingje de wapens fan Frâns fan Eysinga, de bewuste foarfaar, en syn frou Clara Aebinga. Sels wie Van Eysinga Nederlânsk-herfoarme predikant yn Ealsum en Wetsens (1952-1957), resp. Toppenhuzen en Twellingea (1957-1968), en Wolsum en Westhim (1968-1972). Yn desimber 2008, doe't er al jierren mei emeritaat wie, hold er syn ôfskiedstsjinst as predikant yn 'e tsjerke fan Langwar.

Fierders wie Van Eysinga aktyf yn it bestjoer fan in ferskaat oan organisaasjes, lykas It Frysk Grûnbesit, de Stifting Hynsteriden foar Lichaamlik Beheinden Noard-Nederlân, de Keninklike Federaasje fan Lanlike Rydferienings, en, sûnt oktober 1974, fan it Kristlik Jongereinbûn. As foarsitter fan 'e Keninklike Feriening It Frysk Hynste Stamboek spile er yn 'e 1960-er jierren in rol fan krúsjaal belang by it rêden fan it Fryske hynsteras, dat doe drige út te stjerren om't hynders oerstallich rekken fanwegen de meganisaasje fan 'e lânbou. Ek wie Van Eysinga foaroanman fan 'e Nederlânske Kastielestifting en mei-oprjochter fan 'e Stifting Alde Fryske Tsjerken, dy't him ynset foar it behâld fan tsjerkegebouwen yn Fryslân. Op in stuit siet er yn fiifentweintich bestjoeren tagelyk. Dêroer seid er sels yn in fraachpetear út 1986: "It binne putsjes dy't opknapt wurde moatte [...]. Jo moatte dúdlike redens hawwe om sokke funksjes net op jo te nimmen."

Van Eysinga en de frou wennen it grutste part fan harren libben op Epema State, yn Ysbrechtum. Dêrnjonken wied er ek eigner-behearder fan lângoed Eysingastate (mei û.m. de Vegelinsbosken) ûnder Sint-Nyk, Langwar en Jiskenhuzen, dat yn 'e jierren '60 in nije funksje krige as rekreaasjegebiet. Dêr wied er ek op oare wizen by belutsen. Yn 1972 krige Van Eysinga de Fryske Parsepriis. Teffens wied er hast fiifentweintich jier lang keamerhear-honorêr fan de keninginne (in ûnbetelle funksje), earst foar keninginne Juliana en letter ek foar Beatrix. Dit amt lei er formeel del yn 1994.

Jonkhear Van Eysinga kaam op 17 jannewaris 2018 te ferstjerren yn syn appartemint yn it soarchsintrum Bos- en Meerzicht yn Aldemardum, dêr't er yn desimber 2013 fan Epema State ôf hinne rekke wie fanwegen oanboazjende sûnensswierrichheden. Sûnt 26 febrewaris 2015, doe't syn frou him ûntfallen wie, hied er widner west. Van Eysinga berikte de hege âlderdom fan 94 jier. Yn in memoriam yn 'e Ljouwerter Krante waard er troch adel-kenner Bearn Bilker omskreaun as "in hear fan stân, yn alle opsichten."

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stjerberjocht jhr. Cornelis van Eysinga, yn: de Ljouwerter Krante, 18 jannewaris 2018, s. 46.