Wapen fan Nes (Noardeast-Fryslân)
It wapen fan Nes is it wapen fan it doarp Nes, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Ferdielt: I yn kiel in út de dielline kommende ûleboerd fan sulver, besteande út in útkommend seehynder mei tusken de bek en it boarst in beide oanreitsjende omdraait sittend fûgeltsje en yn in iepene rêge skeanrjochts pleatste oanstompe trijeblêdige tulp; II yn azuer trije stielde en blêdige weetfearen fan goud, pleatse twa en ien.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver, azuer (blau) en goud.
Symbolyk
bewurkje seksje- Twadieling: ferwiist nei de lizzing fan it doarp by de eardere grins fan East- en West-Dongeradiel.
- Uleboerd: ferwiist nei it bysûndere type ûleboerd mei seehynders dat foarkomt yn it doarp.
- Nôtier: ferwiist nei de lânbou yn de omkriten fan it doarp.
- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Eastergoa en Dongeradiel.