Wapen fan Nijlân
It wapen fan Nijlân is it wapen fan it doarp Nijlân, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen is yn syn hjoeddeiske foarm yn 1975 registrearre.
Skiednis
bewurkje seksjeIt wapen ferwiist nei in sêge oer de oprjochting fan de pleatslike tsjerke. Twa oksen waarden foar in kar spannen en jûns loslitten. De tsjerke waard bouwt op it plak wêr't de osken de folgjende dei fûn waarden. In soargelikense sêge is bekend út Dronryp en Nijemardum. Ek is der in rym oerlevere: "Twa oksen en in skepke sân, dat is it wapen fan Nijlân". In finster mei twa oksen yn de Nikolaastsjerke fan Nijlân ferwiist ek nei de sêge. Yn 1860 waard yn it doarp in segel út de 18e iuw fûnen mei twa oksen.
-
Segel mei twa oksen, fûn yn 1860.
-
Finster yn de tsjerke fan Nijlân mei oksen.
-
Skulptuer oer de sêge fan Anne Woudwijk.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Trochsnien: I. Yn sulver twa reade oansjende oksekoppen, keppele mei in swart keatling; II. Yn grien in sulveren krús.
De heraldyske kleuren binne: sulver, kiel (read), sabel (swart) en sinopel (grien).
Symbolyk
bewurkje seksje- Oksekoppen: oernommen út de pleatslike sêge.
- Sulveren krús: ferwiist nei de stifting fan de Nikolaastsjerke fan Nijlân.
- Grien fjild: ferwiist nei it nije, drûgfallen lân op stifte is.