Wapen fan Wymbritseradiel
It wapen fan Wymbritseradiel is it wapen fan de gemeente Wymbritseradiel.
Wapen fan 1818
bewurkje seksjeYn syn âldste foarm waard dat fêststeld op 25 maart 1818 mei de beskriuwing:
- Fan azuer beladen mei 7 leeljes fan goud, pealsgewiis setten 2,3 en 2. It skyld dutsen mei in goudene kroan.
De kroan hat 5 blêden.
Op âlde segels fan 'e gritenij Wymbritseradiel steane altiten in Fryske heale earn en in wikseljend tal leeljes. De oarsprong fan beide eleminten is alhiel wis, mar de heale earn komt foar 't neist út in famyljewapen en tsjut aadlik of foarnaam eigenierd komôf oan. De leeljes wize op 'e Marijeferearing. Yn 1818 waarden allinnich de leeljes ferliend as wapen.
Wapen fan 1975
bewurkje seksjeAl yn 1963 frege it Ryksargyf yn Fryslân oan de Hege Ried fan Adel oft it histoaryske wapen net fannijs ferliend wurde koe. De Ried advisearre dêrop posityf, mar de gemeente frege gjin wiziging oan. Pas yn febrewaris 1975 frege de gemeente in nij wapen oan. Op 1 novimber 1975 waard dat ferliend as:
- Dield: I yn goud in heale earn fan sabel, kommend út de dielingsline, II yn azuer 7 leeljes fan goud, setten 1, 2, 1, 2 en 1. It skyld dutsen mei in goudene kroan fan 3 blêden en 2×3 pearels.
Wapen fan 1984
bewurkje seksjeBy de grutte gemeentlike weryndieling fan 1984 waard it âlde Wymbritseradiel opheft. It grutste part dêrfan waard doe mei de gemeente Drylts, in stik fan Doanjewerstâl en it doarp Greonterp dat earder ta Wûnseradiel heard hie, gearfoege ta in nije gemeente dy't ek fan Wymbritseradiel hiet. Op 16 maart 1984 krige dy gemeente in nij wapen dat identyk wie oan it wapen út 1975, mei as iennichste ferskil dat der in hertskyld oerhinne pleatst wie dat basearre wie op it âlde wapen fan 'e gemeente Drylts. De beskriuwing wie sa:
- Dield: I yn goud in heale earn fan sabel, kommend út de dielingsline, II yn azuer 7 leeljes fan goud, setten 1, 2, 1, 2 en 1; yn in hertskyld fan goud in kogge fan sabel. It skyld dutsen mei in goudene kroan fan 3 blêden en 2×3 pearels.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|