Wapen fan Ryptsjerk
It wapen fan Ryptsjerk is it wapen fan it doarp Ryptsjerk, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Yn it blauwe trije seinen fan sulver, boppe op elkoar; yn skyldhaad mei tosken, laden mei trije swimmende sulveren einen.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver en kiel (read).
Symbolyk
bewurkje seksje- Seineblêden: oernommen út it wapen fan Tytsjerksteradiel. Dy wize op it agraryske karakter fan it doarp.
- Skyldhaad: de tosken steane foar de skerpte fan de seine en foar it gês.
- Einen: ferwizing nei de einekoaien dy't yn it de omkriten fan it doarp oanwêzich wien.
- Kleurstelling: oernommen út in kertier fan it wapen fan Tytsjerksteradiel.
-
Wapen fan Tytsjerksteradiel (1818-1985)